Wyngaarden

25 augustus 2015 - Château-Porcien, Frankrijk

Leave folgelingen,

Ik begjin wer om te sizzen dat ik geweldig geniet fan Jim reacties.
Ik bin foariche wyke yn Reims oan kaam. Nei al die frisse lucht fan it bosk wie de lucht fan uitlaatgassen in wiere ferademing. Hier wiene minsken! Ik ha de smoarche lucht goed yn my opsnuift. Heerlijk!
Ik hie noch gjin sliepplak foar de nacht mar der wiene minsken yn de kathedraal dy't pelgrims opvange. Doe't ik der yn kaam waard ik direct yn beslag nommen troch de sfeer. It straalde rust en respect ut. Nei in slag der troch hinne en it oanstekken fan in kears bin ik nei it tafeltsje kuiere wer't in lyts, op respectabele leeftiid, madamke siet.
Hja seech fanself direct dat ik pelgrim wie en joech mei in hanbeweging oan dat ik neist har sitte moest. Se regele sliepplak foar my en frege of ik al wist wer ik de Folgende dei nei ta gong. Ik wiisde yn myn routeboekje it plak oan. Se sei dat it de komende dagen dreech wese soe om plak te fynen mar se soe foar my oan de slag. Ik koe eerst wol douche en dan kaam ik dernei mar wer. Prima!
Doe't ik werom wie sei hja dat der foar moarn nergens plak wie mar ik koe wol by har sliepe. Se soe my op in ofpraat plak ophelje. Prachtig soks!
De folgende dei run ik trok de wyngaarden. Ik befun my tenslotte yn de champagne streek. Gong prima. Ik belle de madam en mei in kertier stapte ik yn it autootsje. No bin ik al net sa gek op autoriden mar mei in rit yn de achtbaan meitsje je my helemaal net bliid! It wyfke skeurde wol sa allemachtig wyld troch de wyngaarden dat de rechsek, die ik achteryn lein hie, alle hoeken fan de achterbank seech. De wetterfles en it routeboekje funen gjin haldvest mear en slingeren nei foaren. Ik hold my stevig beet en seech ris opsieden mar it wyfke prate fleurig fjirder. Ik wie bliid dat we der wiene. Ha der in best plak han. De Folgende dei stapte ik wer yn de auto om my nei it plak bringe te litten wer't ik bleaun wie. Ik ha de rechsek in bemoedigend klapke op de skouderban jun foar dat ik yn stapte. Tsja, die siel hie tenslotte gjin gordel. It madamke hie foar my sliepplak regele foar de juns. As ik op it plak fan bestemming wie Moast ik it nummer belje wat se my jun hie.
Dus, ik letter op de dei belje. Mei 10 minuten stapt my der in krease Fransman fan middelbare leeftiid ut de auto! Amai....we fusken en ik stapte yn. Toen we letter bij syn hus oankamen, stun der de hele familie buten om my te moetsjen. De frou eerst en dernei de bern, te beginnen mei de aldste. It die my tinken oan the sound of music.
Mar hawar,....ik ha der in mooie tiid han. Ik fun de man en de frou net echt by elkoar passen mar se soe fest heel leaf wese.
De Folgende dei hie ik 33 km foar de boeg. It woe absoluut foar gjin meter! Wat hie ik Myn nocht. Wer troch it bosk!
Ik siet der helemaal troch hinne. Fielde my angstig en iensum. Jo komme oerdei werkelijk net in mins tsjin. As ik yn it bosk bin, knoffelje ik hast oer myn eigen skonken om der wer ut te kommen. Mar ik wie eindelijk te plak. Ik kaam oan by in grut wyt gebouw. In jong, charismatisch nontsje die de doar foar my iepen. Ik stun yn in grutte hal en seech allegjear bejaarden om my hinne dy't troch de nonnen fersoarche waarden. It wie koffie tiid en se freeche of ik ek in bakje ha woe. No dat koe best dat ik waard meinommen nei de koffie romte
No, der ha ik my de eachen ut sjoen! By it iene minskje gliede de koffie lyke hurd wer ut de mule as dy der yn kaam wie en in oare Moast troch de nonnen holpen wurde om der überhaupt wat yn te krijen. It minskje hjearde fest net mear sa best want de non raasde wol sa lud dat de frou dy't der neist siet de hannen om de earen fout hie. It wie krek in toneelstik!
Achter yn de hoeke hiene twa spul en der Moast in non oan te pas komme om te foarkommen dat se op de fust gongen. Yn in hjearder ferslag hie ik skreun dat ik wol bejaarden waskje woe mar der kom ik by disse op werom.
Ik makke riselewaasjes om op te stean want ik woe wol douche. It nontsje wiisde my de keamer en sei dat ik om 19.00 ite koe.
No dat wie ek in beleving! Se hiene allegjear in slabbe om, jo koene der wol in hoeslekken fan meitsje! Se hiene spul om wa by wa sitte moest. It wie krek as stun ik foar de kleuters.
Neidat it elts nei it sin wie, waard it iten opskept. Wat it wie wit ik net mar ik hoefde net te kauwjen en te blazen. Nei twa happen seech ik ris om my hinne om te sjen hoe't elts it iten fun. Ik kaam der gau achter dat ik dat better net dwaan koe want de ietlust waard je direct untnaam. In pear iten mei de mule sa fier iepen, dat je seechen tot oan de kiel ta. By oaren waard it nut fan de grutte slabbe mar al te dudlik. It iten siet werkelijk wier oeral.
Mei Myn blik op it eigen board ha ik mar fjirder iten.
De Folgende dei waard ik utswaaid troch it nontsje. We fusken as ofskied.
Hjoed de hele dei langs in alde spoorbaan run. De skynbonke stekt de kop wer wat op dus jun mar wer koelje.
De minsken wer ik no bin sieten al foar de tv toen ik oankaam en dat is noch sa. Self yn de keuken stun der ien en under iten waard hy oanset sadat se neat fan hun dagelijkse soap hoefden te missen. It is in stel op leeftiid. It mantsje laket de hele tiid mar ik ha eins gjin idee nei wa en wearom. De earen binne ek net mear wat it west hat, want dat ding stiet wol sa allemachtig lud dat it bed wer ik no op lis der fan trillet.
Mar al mei al tref ik elke jun geweldige, leave minsken. It is steeds wer in verrassing wer ik de juns bedarje. Je Libje compleet yn it moment en dat is prachtig. In protte minsken sizze dat Frankrijk prachtig is mar dat de minsken better koene. No ik siz dat ik it lan wol besjoen ha en dat de minsken prachtig binne.
No sa mar wer.....ik hoop dat it sliepen wat better wol. Betiiden fleane de gedachten troch myn holle as in mus yn in tredmolen. It is wat jammer dat ik my iensum en angstig fiel mar sa as in bekende filosoof ooit sei: angst overwinnen is het begin van wijsheid.
Bon nuit

Foto’s

22 Reacties

  1. Ester:
    25 augustus 2015
    Hè pop, wat wer in prachtig ferhaal. Wist ek us wat ik altyd hie
  2. Emiel:
    25 augustus 2015
    Hoi Nynke, wer in moai ferhaal, sjoch no alwer ut nei it folgjende ferhaal!
  3. Willy:
    25 augustus 2015
    Hee leafe

    ik ha my de busen utskoart:) Werkelijk wat kinst do skriuwe. Machtig mooi!
    En wat is it mooi en bysunder om dit te dwaan he? En hoe leuk is het toch om een weblog te hawwen, fynst toch ek wol no tink ik.
    Nynke ik winskje dy nog hiel folle belevenissen, dan ha wij dat ek wer. Oh wat ik ik lake om dit stukje....dat iten, die slabben...machtig!
    Dikke tut Willy
  4. Karin eisma:
    25 augustus 2015
    Ik bin in collega fan Ester. Ik fyn it geweldich om dyn ferhalen te lêzen. Ek in kompliment dast it yn it frysk dochst. Sukses mei it rinnen.
  5. Sjoerdtje:
    25 augustus 2015
    Iensum kinst net wêze leave Nynke mei safolle freonen die't dy stypje. Eangstich okė. Mar falt ek te oerkommen.
    Geweldich de moetings mei disse minsken diest net kinst en ek nea wêr sjen silst. Dochs helpe sy dy else kear wêr in dei fjirder.
    Sjôch út nei dy folgende ferslach.
    Ek leave groetjes fan omke en muoike die't moarn wêr yn ús tún omwrotte sille. Ik Sil moarn dyn ferslachen printe foar harren.
    Dikke tút.
  6. Koos:
    25 augustus 2015
    Wederom een prachtig verhaal Nynke, mooi ook een paar foto's onderaan het bericht. Had me al wat beelden gevormd bij die oude vrouwtjes :-)
  7. Piet de Vries:
    25 augustus 2015
    Mooi verhaal Nynke. Knap dat je het volhoud als je er zo door zit. Ik kan me voorstellen dat het wat met je doet. Hebben die nonnen en ouden van dagen ook allemaal een email adres voor latere contacten.
    Bon voyage en hopelijk blijf je blessure vrij?
  8. Maartje Bloemhof:
    25 augustus 2015
    Hey Nynke,
    Prachtig wat in ferhaal. Geweldig wasto allegear sjochst en meimakkest. Ik fyn it super hjer, dast it sa dochst. Fansels geweldig om safolle reaksjes te lesen.
    Wat libje der in protte minsken mei.
    Mar krekt safolle karakter foar it folgende ein. Sjoch al wer ut nei...... It ferfolg.
    Dikke tut
    Maartje
  9. Rikky:
    25 augustus 2015
    hee topper, wat in pracht ferhaal wat sto by us yn de huskeamer bringst..... ik flgjr dy no, en ik bin beneid wat der fjirder gebeurd'
    Do dochst it fantastisch,,,,
  10. Diva:
    26 augustus 2015
    Leave Nynke!

    ''Ik fielde mij as een ysbear yn de jungle"'
    "De ferwaarde planken vochten om hun bestean"
    "Betiiden fleane de gedachten troch myn holle as in mus yn in tredmolen"'

    Een pear fan dyn prachtige utspraken! Ik kin der sa fan geniete! Hoe komst der op! Takkom ier sels mar wer een 1 akte skrieuwe of net! Ik wol wol spylje haha.
    Die foto fan die nonnen, die is sa hilarisch. Ik sjoch dij der al hielendol sitten. Dat nontsje der op e achtergrun, yn die rolstoel. Dat seit eigenlijk alles!
    Mooi dat der minsken binne die dij sa no en dan wer wat kracht jaan kinne om troch de gean.
    Ik hie dij freege ost ek een bytsje grutsk op dijsels wiedest, doe seidest dast dat pas bist, ast de eind bestemming helle hast. Dat sil een soorte fan winnaars mentaliteit wese fansels. Mar do meist dy sels sa no en dan best ris een schouderklopke jaan jer, net te hurd fansels.. want op die kaart te sjen, hast der echt al een flink stik opsitten! Klopt die kaart eins wol? Tenminste, die ik te sjen krij, bist ek een hiel ein wer werom roen...

    No Topper! Gean sa troch! It gjit sa best as wot!
    Dikke tut Esther, Rob, Dennis en Bas
  11. Reiny:
    26 augustus 2015
    Lieve Nynke,
    Wat weer een belevenissen en wat verwoordt je het geestig briljant!
    Ik hoop dat je ondanks dat je soms angstig en eenzaam voelt, toch de (wils)kracht hebt om door te gaan (al is het alleen om daarna weer zo'n prachtig verhaal te kunnen schrijven wat wij hier dan weer kunnen lezen.. ;)
    Veel plezier en succes!
    XXX
  12. Sietie:
    26 augustus 2015
    Pracht ferhaal Nynke! Wat makkest wat mei.Hjir yn Wergea gebeurt neat... Ik fyn it sa ferskrikkelik knap fan dy dast dit dochst en wat Esther seit, do meist dysels wol in skouderklopke jaan! Ek al soest net de hiele rit utrinne, dan noch. Ik doch it dy net nei. Respect frou! En doorrr!!
    Tink oan dy. Leafs,
    Sietie
  13. Johanna:
    26 augustus 2015
    He pien.
    efkes achter de computer sitten. He een ferhaal fan nynke. Dat eerst mar efkes leze. Ik bin tige nijskjirrig. Wat wer een belefenis!
    Ik fyn it bysunder dat alle minsken sa behulpsaam binne. Geweldig foar dy.
    gean sa troch meid. Dikke tut fan us.
  14. Ineke:
    26 augustus 2015
    Ik heb weer genoten van je verhalen, succes verder en tot het volgende verhaal.
  15. Riemke B:
    27 augustus 2015
    Hoi Nynke
    wat in prachtige ferhalen, en wat in bysondere minsken trefst ter, datse foar in poerfremd minske klear stean is wol hiel bysoender. Wat dochst it goed, hast de gang der al aardig ien. No frou, de kop der foor jer, we sjoche al ut nei dien mooie ferhalen, dikke tut ut Terherne.
  16. Femke:
    27 augustus 2015
    Leave mem,

    Wat hat mem wer in geweldig en moai stik skriuwn, prachtig!
    Ik bin wier grutsk op mem! Set 'm op he! En oant september!
    Dikke tut
  17. Anky:
    27 augustus 2015
    Hé flinter,
    Sa moai hoesto dyn ferhaal op papier beskriuwst en ús meinimst yn dyn reis. Sa binne we hiel ticht by en dochs ek wer net. Geniet fan de yndrukwekkende mominten en minsken. Moaie foto's. Bysûnder dasto by de nonnen foto's meitsje mochst. En asto alris 'tsjinwyn' hast, tink dan oan ús. Wy tinke oan dy en tomkje foar dy. "In behâlden feart". Dikke tút fan ús.
  18. Marjolijn:
    28 augustus 2015
    Lieve Nynke,
    Wat een belevenis; als je terug komt kun je de verhalen wel bundelen in een boek... prachtig!!
    Sterkte en vertrouw op jezelf, je kunt het.
    Topper! Dikke kus
  19. Jan en geke meindertsma.:
    28 augustus 2015
    Hoi Nynke. Wat in prachtich ferhaal fan de nonnen. We ha djip respect foar dy , datst dizze tocht dochst. En ek noch wol allinnich. Foar nije wike as de famylje komt moaiie dagen tawinske. Jan en Geke.
  20. Jetty:
    29 augustus 2015
    Leave Nynke
    Wat wer in prachtferhaal, sa beeldend! San autoritsje hie ek krekt wat foar my west. En dan dat iten, ik hie moai wat kilo's kwyt reitse kinnen.
    Mar faam wat dochst it super. Ik bin tige grutsk op dy.
    Dikke tut en set em op mattie!!
  21. Cora:
    31 augustus 2015
    Moaiste frau fan wergea en omkriten, respect wat bist goed bezig.
    Dikke tuut fan de oare moaiste frau.
  22. Catrinus:
    2 september 2015
    Mooie verslagen Nynke,leuk om te lezen.Succes verders en hou je taai.Groetjes.