Bijna

28 oktober 2015 - Trabadelo, Spanje

Beste minsken,

Hjir wer efkes in gearfetting fan de ofrune dagen.
It wie noch 500 km fan ut Burgos. De folgende grutte sted wer ik langs kaam wie Leon. Dit wie in wat saaie loop fan 200 km. Nei Leon kaam Astorgas.
Dat leste plak seech ik al wat tsjin op. It ofrune ier is der in Amerikaanse pelgrim ontvoerd en se is letter dea werom fun. No ken soks fanself oeral barre mar toch.....
De nacht foardat ik der langs moast liet it my net los. Ik seech myself al dobberjen yn de rivier. Myn ledematen wiene fan de bealch ofseage en alles wie yn in koffer slingere. Dat passe net fanself dat alle bonken wiene brutsen om it toch passend te krijen.
( hmmm.....miskien moat ik ris wat oare boeken lese)
Lokkich wie myn maat Alex yn de buurt en hy woe die dei wol graag mei my rinne. We hiene it gezellig en de man mei de sage ha we net sjoen.

No sliep ik alle nachten yn in auberge en dy lykje allegjear re op elkoar. Sa net dy aulberge wer ik disse wyke ut kaam.
It wie in underkommen wer't se vegetarisch iten hiene ut eigen tun. No, dat lyke my wol goed ta, want yn de pelgrimsmenu's dy't se foar jo delsette binne de grienten troch hinne flein.
Ik waard untfongen troch in nuver, skriel mantsje. Hy wie sa meager as in rup. It hier hong yn vieze, lange slierten langs syn spichtig kopke. Hy hie in fluoriserend broekje oan dat wat al te strak siet. Je koene dudlik sjen dat hy fan it mannelijk geslacht wie. Nuver dat je eachen der automatisch oer hinne strupe.
Nei't ik my installeert hie, freeche de man of ik ek wat drinke woe. Ik sei dat ik wol nocht hie yn in bierke mar dat hiene se net want alcohol passe net yn hun filosofie. It nuvere hjir fan is dat wylst hij it sei, syn peukje noch lei te rikjen yn it jiskepantsje.
It is mar krek hoe je de dingen sjoche.
Mar in bakje thee koe it my ek wol dwaan. Hy fertelde my ek noch dat der om 18.00 gelegenheid wie om in yoga les by te wenjen. As ik mei dwaan woe dan koe ik dat kenbaar meitsje op in formulier dat op de tafel lei. No ha ik neat op yoga tsjin mar ik seech myn gastheer yn in flits foar my yn in nuvere houding mei dat broekje. Dat liet no al niks mear te winskjen oer. Stel je foar as de fouten ek noch de loft yn gean! Der ha ik mar foar bedankt.
Mar ik moat sizze dat ik best iten ha en de beden leine goed.

Nei wat flakke etappes mochten we juster wer klimme en dale. Ik fun it prachtig! It wiene lytse paadsjes oer grutte losse stjinnen. Ik hie de sokken der yn! Ik fleach by de berg op en del of wie it neat. Ik fielde my fantastisch en helle eltsenien mei in grutte smile om'e snut yn. It lyke wol of hie ik de moarns drugs yn de thee han.
Wol wat jammer dat de drugs de leste 2 km utwurke wie. Ik kriig lest fan stekken yn de knibbels en de skynbonke. Strompeljend kaam ik oan. Ik ha om raak masseert en koelt mar moat eerlijk sizze dat it hjoed dreech wie. Alles die seer. Ik ha eerst mar wat paracetamol kocht. Die kauwje ik de hiele dei wat troch.
Ik kriig 30 pillen foar noch gjin 2 euro dus ken efkes foarut.

Ik moat no noch 175 km. Dat is 6 dagen.
Mei in dikke wyke bin ik tus. Nuver idee.
Sa earst mar wer. Nye wike it slotstik!

Oant sjen
Maak je reisblog advertentievrij
Ontdek de voordelen van Reislogger Plus.
reislogger.nl/upgrade

32 Reacties

  1. Ester:
    28 oktober 2015
    Hè pop, wat ha ik sin yn niie wyke. Meitsje der noch in moaie wyke fan en ik sjoch dy snel!! Dikke tut
  2. Reiny:
    28 oktober 2015
    Hé hoi!
    Nynke, wat schrijf je briljant! Wat heerlijk om te lezen! Ik vind het überhaupt al knap dat je na elke dag zoveel / zo ver lopen nog de puf hebt om iets zinnigs op papier te krijgen!
    Jeetje, nog een week... Is het een beetje zo, net als dat paard dat de stal ruikt??! Ik heb het idee dat je de laatste kilometers bijna vliegend aflegt ipv lopend.
    In ieder geval: heel veel succes en veel plezier met de laatste loodjes!
    X
  3. Annemarije:
    28 oktober 2015
    Goh Nynke,

    do bist der hast! Ik sil dyn ferhalen wol misse hjer, do bist in geboren skriuwster! We ha der hjir faak om lake (en miskien wol lyke faak in trien om litten)! Want efkes serieus: it is bêst in swier doel datst dysels stelt hast. Kilometers rinne yn waar en wyn, net witte wat dyn sliepplak joens wêze sil, net witte wat foar misken ast tsjin komst, ást al misken tsjin komst...

    Oan dyn ferhalen te lêzen is it ek swier, mar binne der ek genoch machtig moaie dingen op dyn paad kommen!

    Hiel folle respekt foar dyn undernimming, it sil dy dyn libben lang by bliuwe, kinst der yn elts gefal alderferskuorrenst grutsk op wêze! Enne, dat binne wy ek!

    Sukses noch it lêtste ein!
    Groeten Annemarije (en ek fan George en de bern)
  4. Renate:
    28 oktober 2015
    Hopelijk zijn die laatste loodjes niet meer de zwaarste. Sterkte nog even.
  5. W&W:
    28 oktober 2015
    Geweldich,geweldich wat in prestaasje.Alfêst lokwinske.
    Genietsje noch fan dy lêste kilometers en kom sûn werom yn Wergea by dyn neisten.Oant sjen!
  6. Maartje Bloemhof:
    28 oktober 2015
    Super wat ga je snel! Het schiet nu echt op. Wat weer een prachtig verhaal.
    Je schrijft het zo levensecht dat ik het gewoon voor me zie.
    Nog een hele fijne laatste week.
  7. Symon Odinga:
    28 oktober 2015
    Fantatysk! Wat bist al fier. Net foar te stellen das't der hast al bist. En it komt grif sa das't it straks ek noch misse silst tinkst net. Safolle positieve en negatieve ûnderfinings. Genietsje noch it lêtste stik.
  8. Huug Molendijk:
    28 oktober 2015
    Ha Nynke! Wat giet it no yniens snel. Noch mar in wike. In protte wille de leste wike en ik sjoch ut nei dyn leste ferhaal. En wat in top prestaasje!!
  9. Annemiek:
    28 oktober 2015
    Moet steeds aan een aantal zinnen denken; 'leven zoals het leven bedoelt is'
    ' vakantie voor de hersenen '
    ' zo ontspannen, als er helemaal niets hoeft'
    ' vervelen'
    Ook moet ik steeds denken aan dat je normaal na een paar dagen weer naar Warga terug wilde; heimwee!
    Wat een overwinning en een ervaring! Ik heb zelf niet gelopen maar heb wel iets geleerd en heb genoten van je verhalen!
    Dikke zoenen en tot snel
  10. Regina:
    28 oktober 2015
    Hoi Nynke,
    Dromen, denken, durven, doen, doorzetten! Zo heb je het over je big plan en zo kom je bijna weer naar huis. Poeh he, je gaat maar als een speer. Al zal dat voor jou uiteraard niet altijd zo voelen. Nog even volhouden en je hebt het geflikt lady whoohoo!!! Ik hoop dat je wat kunt genieten van je laatste week en ik kijk nu al uit naar je slotstuk. Zet em op, toi toi toi en enjoy!
  11. Jacoba:
    29 oktober 2015
    Wat alderferskuorrenst knap De Groot! It ein is yn sicht.
    Jammer dat dy yogales net volgt is, dat hie hilarisch west om te lezen. En goed foar de ferkeap fan dyn ferhalenbundel, kist noch moai foar de kryst utbringe; )

    Geniet fan de leste dagen en noch in protte succes!
    Bin trots op dy frou.

    Leafs Jacoba
  12. Liz:
    29 oktober 2015
    Hoi Nynke,
    Alweer een prachtig verhaal.
    Al bijna je einddoel bereikt. Een top prestatie hoor!
    Je mag trots op jezelf zijn.
    Succes voor de laatste kilometers en tot gauw in Wergea.
  13. Margreet:
    29 oktober 2015
    Wer in prachtferhaal!!! In hiele moaie lêste wike noch.

    gr. Margreet
  14. Heit en Mem:
    29 oktober 2015
    Ik haw dyn stikje efkes lezen prachtig mar net te hurd oer de bergen want dy krije dy wol lyts. Dat ferhaal fan it lytse mantsje wie aardich mar tenei de eagen omheech halde. Wij winskje dy in protte succes de leste dagen. Der stiet op it ein fest in lekker bierke klear en dat is dik fertsjinne.De groetnis fan de Terp.
  15. Minke&marianne:
    29 oktober 2015
    Zo te lezen het midden nog niet gevonden ;) Wij wensen jou een geweldig fantastische kick bij aankomst in Santiago !!!! Xx ons
  16. Martsen:
    29 oktober 2015
    Dat sjit moai op Nynke! Ik hjerde al dast dyn earste date mei myn alders makke hiest haha. No we sjogge der wer nei ut om dy te sjen. Wat is de tiid dan fleint he? Ik sei noch tsjin myn alders juster, wat silst do wat mei makken ha underweis. No noch ff de leste loodjes en oant ynkoarten!
  17. Lutske:
    29 oktober 2015
    Ik ha in protte wille om dyn stikjes dyn wize fan skriuwen humor hear mar it sil net altyd makkelik weze . noch efkes en 't sit dr op sukses mei de lêste k'm
    Groetenis Lutske
  18. Karin eisma:
    29 oktober 2015
    It is wer prachtich ferhaal wasto skreun hast. Sukses en sterkte de kommende wike. Komt fêst goed!
  19. Ineke:
    29 oktober 2015
    Och wat gaat de tijd snel, dat je volgende week al weer thuis komt.
    Ik zal je verhalen missen Nynke.
  20. Riemke B:
    30 oktober 2015
    Hoi Nynke, km fretter, it giet no hurd, nog in lytse wieke.
    no nog mar efen geniete fan de roege natuur, en de minsken, we sille die ferhalen misse, zetem op frou.oant nije wieke, dikke kroep.
    H e R
  21. Marjolijn:
    30 oktober 2015
    Topper, nog effe volhouden. Dan lekker in je eigen bed....wat zal dat lekker liggen.
    Kus M
  22. Maarte en Ineke:
    30 oktober 2015
    Hallo Nynke, ons Fries is nog slechter dan ons Spaans... Maar ik begrijp dat jij intussen meer dan 100km voor ons loopt. We gaan jou dus niet meer inhalen . Je gaat echt als een speer! Geniet nog van je laatste week. Buen Camino!
    Groeten uit Astorga.
  23. Hanneke:
    31 oktober 2015
    Lieve Nyn,
    Wat schrijf je fantastisch! Hilarisch.... De laatste loodjes.. Zet hm op! knuffffff en tot over een poosje.
  24. Emiel:
    31 oktober 2015
    Leave Nynke,
    Protte sterkte foar de lêtste wike. Wy hawwe mei in soad plesier dyn ferhalen lezen. Mar binne bliid dast straks wer thus bist. Oant gau, folle leafs Anneke (fan Emiel)
  25. Leida:
    31 oktober 2015
    Hey frou,
    Gloeiende... Wat hast in gong! Fantastysk! Silst dyn neisten, dyn bêd en it idyllyske Wergea al wol rûke ;) Mar no noch in oantal dagen der goed fan geniete!! It rûge lânskip wurdt hjir nammentlik neat en ek mantsjes mei strakke fluorisearjende broekjes mei it yn en oar sichtber wurdt hjir (lokkich) neat!! Meitsje der in hiel spesjaal slotstik fan... En foardatst it wist, bist... set 'm op kanjer! Wat in prestaasje!! Mar noch mear: wat in ûnderfinings foar de rest fan dyn libben!! Oer tsien jier hast it der noch wolris oer!!
    Dikke tút!!
  26. Sylvia:
    1 november 2015
    Hey Nynke, Hiel folle succes 't leste ein.
    Wot een prestatie.
    Lfs. S ;-) Xxx
  27. Minke:
    1 november 2015
    Ús topper is er hast! Top prestaasje en wez mar grutsk! Hast t helle en at dat no de iene keer linksom gjit en de oare keer rjochts dat jout neat! Dikke tut!
  28. Anky:
    1 november 2015
    Hé flinter,
    Moai ferhaal! Fijn om te lêzen dat it goed giet. Yndrukwekkend hoesto de minsken en natuer om dy hinne belibbest. Bikkel!
    Hooplik hâlsto de wyn yn de rêch foar it lêste stik. Geniet fan alles wat noch op dyn paad komt! Pas goed op dy sels en alfêst in goede reis nei hûs. Dikke tút fan ús.
  29. Sietie:
    1 november 2015
    Hoi Nynke fanke, wer in moai ferhaal! Bist der hast. En wat kinst grutsk op dysels wêze! Hast it dochs mar flikt, ek al sil it net altyd maklik west ha. Bist mei neat fuortgongen en nimst in hiele protte wer mei nei hûs. Geniet noch mar efkes fan de lêste dagen. Bist in topper!
    Tink oan dy, leafs,
    Sietie
  30. Jitze:
    2 november 2015
    He buurvrouw,

    Klasse buur, het laatste rukje, nog dik 50 keer Swichum om en je bent er.

    Succes

    Groeten Jitze
  31. Nynnes:
    2 november 2015
    Hey chicky! Noch in lyts stikje, set him op topper!! Dikke tut
  32. Tjitske dijkstra:
    4 november 2015
    Ik lês dit ferhaal no pas...en der is al in folgjend ferhaal fan dy! Dat erast mar lêze!