Minsken

19 oktober 2015 - Cluis, Frankrijk

Ha goeie minsken,

It is al wer efkes lyn dat ik oer de pyreneeën klautere bin, dat ik moat jim nodich skriuwe.
No, ik ken wol begjinne mei te skriuwen dat die bergjes my fiel tsjin foelen. Nondeknetter, wat sieten der steile stikken yn. Ik hie in dei der foar Sofie ( student, 20 ier ut Haarlem ) opfondele. It klikte goed dat we ha in pear dagen tegearre run. No is it mei de fyts sa dat it nei beneden gean eins hast fanself giet mar rinde is it in wiere hel. Sofie en ik hiene it ferkeerde paad nommen. We seachen al net folle minsken mear dat ik kriig al argewaasje mar sofie wie fan miening dat we tusken twa groepen yn sieten. No mooi net dus! We binne mei gang nei beneden flein. Use fouten gongen eins hurder dan se koene dus sa no en dan moasten we echt op de rem. Ik begong myn knibbels al wat te fielen mar ik skonk der fjirder gjin aandacht oan want we wiene der ek al. It wie prachtig waar dat we binne direct op it terras del ploft. Der waard it steeds gezelliger en letter. Ik hie nergens meer lest fan en hie it heechste wurd fanself.
Letter snel noch efkes iten en under de sproeier en rap op bed.
Toen ik de folgende dei wekker waard en neist bed stean gong, sakte ik direct troch myn hoeven! Ik lei letterlijk op de grun. Wat in spierpyne! !!! Amai, dit koe wol ris in lange dei wurde. Ik ha alles wat los masseert en bin rustig in slagje om west. Nei in skofke gong it wol wer.

De earste dagen wie it wol aardig drok op de camino. Der binne in protte Amerikanen die it rinne. Fyn it mar in oerdreun folkje. Okkerdeis waard der ien mei bulten wekker. Hja raasde en tierde der om of wiene de Russen binnen fallen. Bedbugs, bedbugs! I have bedbugs!!
Man o man wat in drokte om die beestjes, se doche je ommers neat. Bytsje vaseline der op en klear is it wer.
Tsja, de matrassen binne alles behalve skjin fander dat in protte aulberges plastic matrassen ha. Leit net echt noflik fanself mar foar 5 euro meie we net seure.
Neist Amerikanen stikt it hjir ek fan de Koreanen.
Lesten woe ik koffie drinke. Sit der mooi allinich oan in tafeltsje, wurdt der in blik koreanen iepen. Net te liuwen! It praat, laket en knikt wol sa bot dat de holle ken der wol ofploffen. Allegjear it nyste tillefoantsje yn de han en om raak foto's meitsje fanself. De baas fan it spul makke in foto fan de groep en hie fest net troch dat ik der ek by op kaam. Elts wuifde dus dat ha ik ek mar dien. Der wie ien dy it seech en die ratelde dat troch tink ik want elts siet my oan te sjen en lake en knikte of it in lust wie. Se hiene der wakker wille om. Doe freechen se of ik in foto fan se meitsje woe, no dat koe wol fanself. Nei ik dat dien hie waard ik wol sa betanke! It lyke wol of hie ik se ien foar ien oer de pyreneeën hinne sjouwt. Dankbaar folkje.
Ha noch in praatsje mei se makke. Se rinne eltse dei 20 km mei in dei rechsekje fan 2 kilo en stappe dan wer yn de bus nei it hotel. Tsja, sa ken it ek. Makket ek neat ut.

Toch is it net drok. Der binne stikken dan rinne we ( rin wer in pear dagen mei alex) suver allinich. Is wol lekker. Ik ha my fertelle litten dat it yn de maanden maaie oant september in gekke boel is hjir. Minsken stean dan yn kloften foar de refuges om plak te hawen. No is der plak sat en it waar is prachtig.
Ik begjin moarns om 7.00 te rinnen. It is dan noch Neare nacht mar ik ha op de tillefoan in buslamp. Ik hie fan hus wol in buslampe meinommen. Die koe op de holle. Sa'n mijnwerkers ding. Maar tsja, ......wer die is?
Ik rin tot 14.00 en ha dan 30 km run. Ik stopje dan mar want oars bin ik sa snel klear. Ik tink dat ik aanst wol wat langer troch rinnen gean want ik ferveel my dan ek wol ris.

It is prachtig om te sjen hoe de dei it wint fan de nacht. It ferskaat oan kleuren yn de loft as de sinne har kracht sjen lit is werkelijk eachstrelend. It lanskip sprekt my ek mear oan as yn Frankrijk. It is wat rucher. Hjir is ek folle mear drokte. Alle koffietintsjes gean moarns al betiid iepen. Der sitte dan de feste alde mantsjes al swetsend oan hun bakje. Je ha ek it idee of hat de tiid hjir stil stun. De aanklaaing docht alderwets oan mar ik fyn it skitterend.
Wat hartelijkheid betreft, koene de Spanjaarden noch wol wat lere fan de Fransen. Se binne wat nukkiger mar dat mei de pret net drukke.

No lyket it krek of is it allinich mar prachtig mar sa is it net. De nachten binne werkelijk freselijk! Ik sliep 30 minuten en lis dan wer oeren wekker. De beden binne freselijk en as je mei 80 minsken op in seal lisse dan snurke der altiid wol 5. Ik ken sowieso moeilijk ergens oars sliepe dus it leit hoofdzakelijk oan my.
Juster siet ik der helemaal troch. It rinnen woe net en de holle ek net. Bah....wat woe ik op dat moment graag nei hus. It gemis wurdt wol steeds grutter. Ik ha mei it tus front contact han en nei die morele steun ha ik myself wer by kop en kont pakt en doorrrrr. ......
Bin no yn burgos. Noch 500 km te gean!

Adios....

Foto’s

25 Reacties

  1. Petra:
    19 oktober 2015
    Pikefel!!! ❤️❤️❤️
    Onvoorstelbaar, 30 km per dag!! Mooie belevenissen overdag, zware nachten er achteraan... Nog maar 500 km... T einde is in zicht!! Zooo knap! Super, mega trots!! Dikke tút Petra
  2. Rikky:
    19 oktober 2015
    Hee fanke. Ik hearde fan esther dast ek fier op skema leiste...oer goed een pear wike wer yn wergea neist dyn wyfke yn in skjin bed sunder bedbugs....ik fyn it ontzettend knap dast is redden haste...bist in top wyf!!.. leafs fan Rikky.
  3. Ineke:
    19 oktober 2015
    Goh, wat een prachtig verhaal weer Nynke, ik moet wel lachen om je verhalen, mooi dat het zo snel gaat en dat je gelukkig ook van de mooie natuur en de mensen kan genieten. En je moet maar zo denken we hebben allemaal wel eens een dag die we heel snel willen vergeten, en dat mag toch? Maar die laatste 500km red je ook wel op. Nog veel loop plezier!
  4. Jan en geke meindertsma.:
    19 oktober 2015
    Top .Great respekt foar dy. Mei 80 minsken sliepe op ien keamer lyket my net bêst ! Groeten fan Jan en Geke.
  5. Hennie:
    19 oktober 2015
    Machtig.....dikke tút
  6. Martsen:
    19 oktober 2015
    Do giest as in spear hjer ik wol! Knap hjer! Ik sjoch dy koreanen hielendal foar my, appart volkje mar best genoch. Dy nachten bin mar knap ferfelend! Wat silst do ast thus bist earst lang slipe! Mar earst noch ff geniete, want ik hjer wol, it sjit moai op mei dy. Hiel folle wille noch en set m op!
  7. Jan:
    19 oktober 2015
    Hoi fanke, nog even trog zette is fuor ús makkelijk sein os dien. Mar ik wit dost t wol hellest. Sa net dan mast t no sizze, wij binne ek ien t sûden, Valkenburg wol te verstean. Dus bin sa bei dei fanke ;-). Groetjes van Jan en Hilda. Dikke tút.
  8. Ester:
    19 oktober 2015
    Hè pop. Wat wer in prachtig ferhaal. Ik bin super grutsk!!! Troch sette en ik sjoch dy gauw wer. Hâld fan dy
  9. Willy:
    19 oktober 2015
    He frou....wow wat giet it goed. Okee op de mindere dagen nei dan
    Mar it sjit al op...super knap.
    Mar lekker sliepe foar straks
    dikke tùt Willy
  10. Anky:
    19 oktober 2015
    Hé flinter, wat giet it goed. En wat belibbesto in protte prachtige, wûnderlike mar ek dreeche dingen. We binne ûnder de yndruk fan dyn moaie ferhalen. En natuerlik tige grutsk!!
    Moai troch fladderje en hooplik hâldst de wyn yn de rêch. Geniet en pas goed op dy sels. Dikke tút fan ús.
  11. Maike:
    19 oktober 2015
    He fanke! Wat wer een prachtig verhaal respect, die 500 km komt ek wol hielendal goed! Succes Nynke do kist dit!!
  12. Wieke:
    20 oktober 2015
    Hoi " muis " dat sei pake altiid, hij moest es witte, wat soe hij greatsk weze. Wij genietsje eltse keer wer fan dyn ferhaal. No noch 500 kilometer en dan is der feest? Nynke set hem op!
    Groetjes en oant sjen. Klaas en Wieke.
  13. Annemiek:
    20 oktober 2015
    Lieve Nynke,
    Zit weer met tranen in m'n ogen je verhaal te lezen, wat een bijzondere tijd! En een mooie woordkeuze in het Fries, begin de taal gewoon mooi te vinden!
    Dikke zoenen!
  14. Margreet:
    20 oktober 2015
    Wer in prachtferhaal en al sa fier. TOP!! do rêdst it wol. En moast sa mar tinke alles giet foarby en bist net de ienige die in sealtsje diele moat....(grapke).Makkest fantastische herinneringen!!

    gr. Margreet
  15. Sjirk:
    20 oktober 2015
    No dat sjit al aardich op noch twa wiken en dan bist op de ein fan dyn reis. Ik fyn it knap en moai dat it dy slagjen giet. Nog efkes trochsette topper. Groetnis fan us allegearre ut Jirnsum
    LATER
  16. Jessy:
    20 oktober 2015
    Ha!
    Net te hurd drave pop, aanst bist sa mar wer thus!
    En thus klinkt no moai, mar went ek wer gau. Genietsje hear!!!!!!
    Restich oankloatsekje mar!
    Tuuuuut, Jessy
  17. Nynnes:
    20 oktober 2015
    Heyy chicky!!! Wat goed dast al sa fier bist! It kaarten ha ik ek al aardig yn e smiezen. Ast wer werom bist mar efkes in potsje dwaan! Nynnes set him op! Dikke tut J&N
  18. Lutske:
    20 oktober 2015
    Wat wer in moai ferhaal en wat hast de gong der yn .
    Ik fyn it super hoe asto dy der trochhinne slachst top.
    Mar flink trochstappe de kommende 500 km, sukses.
    Groetenis Lutske
  19. Marjolijn:
    21 oktober 2015
    Hoi lieverd, heb met je te doen, niet slapen is echt vreselijk dat vreet aan je. Mooi dat je overdag leuke dingen meemaakt en in een mooi omgeving bent en ook nog lekker weer hebt. Je gaat als een speer, het laatste stuk ga je ook redden dat weet ik zeker. Dikke kus Marjolijn en Amarins
  20. Minke:
    21 oktober 2015
    It rinnen gjit mar best mei dy! Er hinget in prachtige kaart bij jim thus. Der kist grutsk nei sjen ast aansen thuis bist en oan in bierke sist! Dikke tut
  21. Hanneke:
    21 oktober 2015
    Lieve Nyn,
    Wat heerlijk dat je al je belevenissen en gevoelens deelt met ons! Liefssssss Hanneke
  22. Minke&marianne:
    22 oktober 2015
    Hee bikkel wat hast do een ofgrislik ein run in die koarte tiid, ongelofelijk noch mar 500 km der bist in twa wiken trochhinne. Dat hiest zelf net tocht doest healwei frankriik wiest. Wy winsten dei noch moaie km-ers!!! Geniet ervan meisje!!! Dikke knuffel m&m
  23. Reiny:
    23 oktober 2015
    Lieve Nynke, wat ben je toch een stoer wijf. Heerlijk!
    Ik ben trots op je! Heel veel succes en plezier met ' it lêtste stikje'!
    X
  24. Riemke B:
    24 oktober 2015
    Hoi Nynke
    Wat wer in pracht ferhaal, en wat dochst it goed.
    Oer 14 dagen thûs, giet as slytjaget. Protte succes de leaste km. Dikke kroep
  25. Sjoerdtje:
    28 oktober 2015
    Hé Nynke.
    Ik rûn ferline wike ek yn Spanje mar dan op La Gomera. In wike mar en dan noch mei in deirêchsekje, net sa dreech. Heechste top is 1450 meter en dêr oerhinne fan it seenivo ôf is in pypfol dat kin ik dy sizze. Mar jûn wêr in noflik bêd sûnder flien of oar krûppersguod. Net folleminsken op'e fuotten dat de hiele wrâld hast tegearre. Rin dit soarte fan fakânsjes altiid mei in freondinne, moai 'no-nonens' type.
    Ester wie hjir juster en begryp dat it no de lêtste kilometers binne. TOP !! hast it folbrôcht dame, pet ôf.
    Groetnis
    Sjoerdtje