Yes!!!!
4 november 2015 - Santiago de Compostela, Spanje
Ha goeie minsken,
De measten fan jim sille it al witte mar ik bin yn Santiago!!!
Sa nuver dit! Wit eins ek net sa goed wat ik no skriuwe moat sunder te ferdwalen yn alle clichés die goed fan tapassing binne.
Ik sil jim meinimme yn myn leste dei dat ik run ha.
Ik hie sljipt yn in lyts plakje dat de namme Ribadiso da Baixo hie. Fan der wie it noch 43 km. Ik hie betocht dat dat mar yn twa keer moest. Noch gjin idee tot hokker plak ik rinne soe. It wie mar krek wat de dei my brocht.
It rinnen woe yn it begjin net echt en ik fielde my ek wat neerslachtig. Gjin idee hoe dat koe. Nei it middeis miel hie ik noch 25 km foar de boeg. It wie nuver mar it rinnen gong yn iens fanself. Ik run mar troch en troch tot it moment dat ik it pealtsje seech wer op stun dat it noch mar 10 km wie.
Der bin ik efkes sitten gong en ha alles wat troch my hinne gean litten. Wie ik hjir no echt? En no? Troch rinne of net?
Ik hie noch neat besluten eins mar foardat ik it yn de gaten hie wie ik al wer oan it rinnen. No, dan mar oan stront oan komme. Hat ek wol wat heroïsch om de leste dei 43 km te rinnen.
En sa stean je 2 oeren letter by de kathedraal. .....
Ik wie eins net emotioneel. Wat wol gek wie want de ofrune trye maand ha ik mear jankt dan de trye ier der foar.
Ik ha myn aflaat ophelle en bin de kathedraal yn gong. Der ha ik foar bepaalde minsken in kearske oanstutsen en myn tinzen de frye loop jun.
Dernei in hoteltsje boekt en as de sodemieter om oar undergoud en shampoo. Ik hie myn hier al yn 10 dagen net wasken want ik hie de shampoo ergens lisse litten. Myn klean roken ek al aardig soer op dat ik rook myself.
It hier woe pas nei de trede kear waskjen skumje! Wat in fet prukje hie ik op de holle. Dat se my rinne litten ha!
Myn shirt siet fol gatten dat die ha ik fourt smieten. Helemaal fris en himmel bin ik op bed gong.
Ik hie noch twa dagen want myn fleantug giet tongersdei. Juster wat troch de sted swalke en wat musea besocht. Noch steeds gjin emotie. Fun it wol wat nuver mar it is sa it is.
Ester hie my sein dat ik nei it postkantoor gean moast omdat der wat foar my wie. Der bin ik fannemoarn hinne setten en doe ik de brief lesen hie dy se der foar my hiene, kaam der wol sa'n grutte smile op myn gesicht ik straalde fan fier! Sa blier as wat pareerde ik troch de sted en it lyke wol of wie die fan my. Ik dwaalde wat troch de sted hinne en stun yn iens foar de kathedraal. Der bin ik nei binnen gong. De pelgrimsmis soe krek begjinne. Hoe Is It mogelijk tocht ik by myself. Bin sitten gong en ha lustere nei it prachtig sjongen fan de nontsjes en de preek fan de beste man. It doure net lang of de trienen fochten om voorrang. It wie in net te kearen barren. In ald wyfke neist my bea in busdoekje oan die ik tankbaar oan nommen ha. Alles kaam boven.
Toen de tsjinst ofrune wie en ik stean gong seech ik lyk yn alex syn snut. Wat wie ik bliid om hem wer te sjen! We ha elkoar efkes goed fest pakt en myn trienen wiene noch net op. We ha yn in lyts barke koffie dronken en ofpraten dat we jun ut iten gean.
Sit no op myn keamer en ha de kriebels yn it liif. It idee dat ik moarn wer by myn gesin bin is net te befetsjen. Wat bin ik wiis mei die beide froulje. Sunder hun hie ik dit ik nea dwaan ken. Wat ha ik ester faak belle as ik it net meer sitten seech en eins nei hus woe. Se wist my altiid wer op te peppen en te stimuleren. Bedankt der foar leave...
No sa ken it wol ta. It is tenslotte gjin leafdesverklaring.
Minsken freechje my no wat it mei my dien hat mar ik ken dat net echt under wurden bringe. Ik socht neat mar ha in protte fun!
Mocht alles goed gean dan wol ik mei in pear ier nei Rome rinne. Dat giet dan wol yn twa kear want 3 maand sunder gesin, familie en freonen is my te lang.
Ik wol by disse eltsenien bedanke foar de mooie berichtjes die jim stjoert ha. Jim ha gjin idee hoe goed my dat dien hat. Ik hoop jim snel te sjen!
Dikke tut fan in seer Lokkiche pelgrim
Later

Ha trinmen in myn eagen....wat mooi.
Geweldig wast dien hast
Hoop dy snel wer te sjin
Dikke tùt Willy
Echt grut, grut respekt foar wat ast flikt hast. Prachtich wat ast belibbe hast. Ha genoaten fan dyn ferhalen (sil se misse ) wat kinst do skriuwe sis. Goeie reis nei hûs en thús lekker genietsje!!!!
Huug
Tot over een poosje. Knuffffffff
Lowinske mei dizze prestaasje! Ik bin grutsk op dy datst dyn doel helle hast.
Leafs Marten
Goeie reis nei hûs!
Dikke X, Sietie
Waar ik nieuwsgierig naar ben is waarom je aan dit avontuur bent begonnen, dat is mij niet helemaal duidelijk.
Kus
Wat weer een mooi, ontroerend, eerlijk en beeldende laatste blog. Ik hoop dat je naast de andere, vele mooie 'dingen' die je op je reis hebt gevonden, ook wat gaat doen met je schrijverstalent... Ik heb je verhalen gelezen met ofwel een big smile of tranen in mijn ogen.. Mooi mens ben je! X
Wat een prachtig avontuur en volgens mij ongeveer een maand eerder dan verwacht!
Je kunt wel tegeltjes laten maken met je prachtige uitspraken' zocht niet maar veel gevonden'. Prachtig!!!!
Ongelofelijk dat je er weer bent, snel maar even wandelen
Dikke tut Tjits en de rest.
We zijn heel blij dat juf het gehaald heeft. We vinden het ook heel knap van juf. En dapper. Juf heeft ook sneller gelopen dan verwacht. Moedig dat juf doorgezet heeft, terwijl juf eigenlijk wilde stoppen. We zijn erg trots op juf.
Een hele fijne reis naar huis.
Groetjes groep 7a
Anne, Berber, Frederika, Merijn, Gilles, Sinne, Manon, Milou, Mente, Luuk, Jana, Jalte, Femke, Lisanne, Willieke, Mayra, Oscar, Klaas, Floris, Sharmalies, Lars, Daniël, Antonio, Jens, Yda & juf Leida.
PS: We willen graag een keertje naar juf haar verhalen luisteren ;)
In hiele goeie weromreis en oant gau!!
gr. Margreet
Goed dat juf de Pelgrims tocht heeft gelopen.
We zijn blij dat je veilig bent aangekomen.
Goed dat je hebt door gezet bij de minder leuke momenten.
Wij kijken er naar dat je bij ons in de klas komt!!!
Groetjes 7b
Femme, Lars, Tomas, Bernd, Jacoba, Noortje, Melissa, Marthe, Redmer, Ilselyn, Michelle, Mirte, Lucas, Henri, Merte, Savoy, Hidde, Sibrecht, Anke, Martijn, Kees-jan, Mathijs, juf Sepkje en juf Loïs
Gr Ruud
Ûnderweis wêze is, tink ik toch mooier dan oankomme yn Santiago en dan sit it gefoel yn it rinnen en net yn in wat (kermis)stêd?