Yes!!!!

4 november 2015 - Santiago de Compostela, Spanje

Ha goeie minsken,

De measten fan jim sille it al witte mar ik bin yn Santiago!!!
Sa nuver dit! Wit eins ek net sa goed wat ik no skriuwe moat sunder te ferdwalen yn alle clichés die goed fan tapassing binne.
Ik sil jim meinimme yn myn leste dei dat ik run ha.

Ik hie sljipt yn in lyts plakje dat de namme Ribadiso da Baixo hie. Fan der wie it noch 43 km. Ik hie betocht dat dat mar yn twa keer moest. Noch gjin idee tot hokker plak ik rinne soe. It wie mar krek wat de dei my brocht.
It rinnen woe yn it begjin net echt en ik fielde my ek wat neerslachtig. Gjin idee hoe dat koe. Nei it middeis miel hie ik noch 25 km foar de boeg. It wie nuver mar it rinnen gong yn iens fanself. Ik run mar troch en troch tot it moment dat ik it pealtsje seech wer op stun dat it noch mar 10 km wie.
Der bin ik efkes sitten gong en ha alles wat troch my hinne gean litten. Wie ik hjir no echt? En no? Troch rinne of net?
Ik hie noch neat besluten eins mar foardat ik it yn de gaten hie wie ik al wer oan it rinnen. No, dan mar oan stront oan komme. Hat ek wol wat heroïsch om de leste dei 43 km te rinnen.
En sa stean je 2 oeren letter by de kathedraal. .....
Ik wie eins net emotioneel. Wat wol gek wie want de ofrune trye maand ha ik mear jankt dan de trye ier der foar.
Ik ha myn aflaat ophelle en bin de kathedraal yn gong. Der ha ik foar bepaalde minsken in kearske oanstutsen en myn tinzen de frye loop jun.
Dernei in hoteltsje boekt en as de sodemieter om oar undergoud en shampoo. Ik hie myn hier al yn 10 dagen net wasken want ik hie de shampoo ergens lisse litten. Myn klean roken ek al aardig soer op dat ik rook myself.
It hier woe pas nei de trede kear waskjen skumje! Wat in fet prukje hie ik op de holle. Dat se my rinne litten ha!
Myn shirt siet fol gatten dat die ha ik fourt smieten. Helemaal fris en himmel bin ik op bed gong.

Ik hie noch twa dagen want myn fleantug giet tongersdei. Juster wat troch de sted swalke en wat musea besocht. Noch steeds gjin emotie. Fun it wol wat nuver mar it is sa it is.
Ester hie my sein dat ik nei it postkantoor gean moast omdat der wat foar my wie. Der bin ik fannemoarn hinne setten en doe ik de brief lesen hie dy se der foar my hiene, kaam der wol sa'n grutte smile op myn gesicht ik straalde fan fier! Sa blier as wat pareerde ik troch de sted en it lyke wol of wie die fan my. Ik dwaalde wat troch de sted hinne en stun yn iens foar de kathedraal. Der bin ik nei binnen gong. De pelgrimsmis soe krek begjinne. Hoe Is It mogelijk tocht ik by myself. Bin sitten gong en ha lustere nei it prachtig sjongen fan de nontsjes en de preek fan de beste man. It doure net lang of de trienen fochten om voorrang. It wie in net te kearen barren. In ald wyfke neist my bea in busdoekje oan die ik tankbaar oan nommen ha. Alles kaam boven.
Toen de tsjinst ofrune wie en ik stean gong seech ik lyk yn alex syn snut. Wat wie ik bliid om hem wer te sjen! We ha elkoar efkes goed fest pakt en myn trienen wiene noch net op. We ha yn in lyts barke koffie dronken en ofpraten dat we jun ut iten gean.

Sit no op myn keamer en ha de kriebels yn it liif. It idee dat ik moarn wer by myn gesin bin is net te befetsjen. Wat bin ik wiis mei die beide froulje. Sunder hun hie ik dit ik nea dwaan ken. Wat ha ik ester faak belle as ik it net meer sitten seech en eins nei hus woe. Se wist my altiid wer op te peppen en te stimuleren. Bedankt der foar leave...
No sa ken it wol ta. It is tenslotte gjin leafdesverklaring.

Minsken freechje my no wat it mei my dien hat mar ik ken dat net echt under wurden bringe. Ik socht neat mar ha in protte fun!
Mocht alles goed gean dan wol ik mei in pear ier nei Rome rinne. Dat giet dan wol yn twa kear want 3 maand sunder gesin, familie en freonen is my te lang.

Ik wol by disse eltsenien bedanke foar de mooie berichtjes die jim stjoert ha. Jim ha gjin idee hoe goed my dat dien hat. Ik hoop jim snel te sjen!

Dikke tut fan in seer Lokkiche pelgrim

Later

Foto’s

42 Reacties

  1. Martsen:
    4 november 2015
    Grutsk op dy! Nuver dan dat je wat mei de siel under de earm der oankomme. Wat moai dat je dan dochs in moment op in gegeven moment ha dat je alles even gean litte kinne. En freonen fan underweis wer tsjin komme. Moai dast wer thus komst en geniet der fan!
  2. Petra:
    4 november 2015
    Bijna thuis, nog een vliegreis verwijderd van je stekje en je liefsten! Morgen een goede vlucht en we zullen je vast snel weer zien!! Trotse túten vanaf de turfskipper!!!
  3. Willy:
    4 november 2015
    Leave Nynke
    Ha trinmen in myn eagen....wat mooi.
    Geweldig wast dien hast
    Hoop dy snel wer te sjin
    Dikke tùt Willy
  4. Emiel:
    4 november 2015
    Fantastisch, leave! No mar gau nei hus komme, dat sil wol wenne wurde.
  5. Jeltsje Spel:
    4 november 2015
    Nynke,
    Echt grut, grut respekt foar wat ast flikt hast. Prachtich wat ast belibbe hast. Ha genoaten fan dyn ferhalen (sil se misse ) wat kinst do skriuwe sis. Goeie reis nei hûs en thús lekker genietsje!!!!
  6. Tialde:
    4 november 2015
    Respect Frou!
  7. Huug Molendijk:
    4 november 2015
    Ha Nynke, geweldich dast t helle haste! Grut respect. In moaie thuiskomst en tank foar dyn moaie, humoristische ferhalen. It wie in waar genoegen om dy op dyn tocht te folgen.
    Huug
  8. Hanneke:
    4 november 2015
    Gefeliciteerd Nyne-pien!!!!!!!!!!
    Tot over een poosje. Knuffffffff
  9. Attje Buijs:
    4 november 2015
    Fantastisch Nynke, wat een doorzettingsvermogen! Geniet van je triomf! Attje
  10. Harmke Anema:
    4 november 2015
    Geweldig, geweldig, geweldig, in zowel het avontuur, dien doorzettingsvermogen en alle verhalen die geschreven zijn door jou. Ik heb al eerder gezegd dast een topper bist.!! Morgen een hele goeie reis en kom maar gauw wer in Wergea. Dikke tuut Harmke
  11. Jan en geke meindertsma.:
    4 november 2015
    Chapeau Nynke. Grut respekt!!!!
  12. Tjitske dijkstra:
    4 november 2015
    Nynke, wat asto bêst rûn! Allemachtich! Fan herte lokwinske..djip respekt hjer! Tsjonge, jonge, jonge...en dan sa'n einsprint fan 43 km! Net normaal! No earst mar de tiid nimme om te bekommen! Groeten, Tjitske
  13. Renate:
    4 november 2015
    Veni, vidi, vici! Super prestatie meid en een fijne vlucht terug!
  14. Maike:
    4 november 2015
    Topper bist, wolkom thus! X
  15. Riemke B:
    4 november 2015
    Wat in prestatie, pet au, kom no mar gau nei hûs, we misse die xxx
  16. Marten:
    4 november 2015
    Hey Nynke,
    Lowinske mei dizze prestaasje! Ik bin grutsk op dy datst dyn doel helle hast.
    Leafs Marten
  17. Regina:
    4 november 2015
    Jaaaa super Nynke!!! Je hebt het gehaald en geflikt! Wat ben ik blij voor jou. Wat een prestatie vrouw! Respect en een buiging voor jou. Dit pakt niemand je af. En nu maar snel richting home sweet home......
  18. Nynnes:
    4 november 2015
    Super Nynke!!! Ik bin trots op dy!!
  19. Annemarije:
    4 november 2015
    It sit derop! En mei in regsek fol ferhalen wer werom nei dyn leafsten. Djip respekt foar dy! Groetsjes, Annemarije
  20. Ester:
    4 november 2015
    Hè leave graach dien!!! Tot moarn!! Tut
  21. Sietie:
    4 november 2015
    Oohh Nynke, wat geweldich. Lokwinske mei dizze superknappe prestaasje. Hast dien wat ast dwaan woest. It diploma (wit it goeie wurd net mear) thus mar gau yn in list en goed yn't sicht hingje. Kinst grutsk op dysels wêze.
    Goeie reis nei hûs!
    Dikke X, Sietie
  22. Fokje pijl:
    4 november 2015
    Geweldig Nynke!! Voor morgen een goede reis toegewenst. Leafs Fokje
  23. Sjoerdtje De Groot:
    4 november 2015
    It is moai dast moarn wer thus bist lokwinske mei dizze lange tocht en moarn jun sjogge wy dy fest groetnis h en m
  24. W&W:
    4 november 2015
    Wat bisonder, wat fantastich, Tige, tige lokwinske !!
  25. Jetty:
    4 november 2015
    Bist in klasbak. Wat in oerwinning!! En no mar gau thus komme. Dikke tut.
  26. Ineke:
    4 november 2015
    Nynke een heel goede reis morgen naar huis.
    Waar ik nieuwsgierig naar ben is waarom je aan dit avontuur bent begonnen, dat is mij niet helemaal duidelijk.
  27. Maaike:
    4 november 2015
    Jee!! Joehoe Nynke! Wat bist in trochsetter! Ha oergriselyk bewûndering foar dy. Hoopje dyn ferhalen ynkoart wer "live" mei te krijen. Lekker geniete no fan dyn froulje! X
  28. Wieke:
    4 november 2015
    Nynke, lokwinske en wolkom thus. Groetjes Wieke.
  29. Marjolijn:
    4 november 2015
    Super gedaan pelgrim. Goede vlucht morgen. Fijn om je bijna weer te zien en te spreken.
    Kus
  30. Riska:
    4 november 2015
    Wat in geweldige prestaasje fan dy! Fantastisch. We Hawwe genoaten fan dyn prachtige ferhalen. Wat kinst it moai op papier sette. Genietsje fan alles wat ast mei makke hast. En in goeie reis nei hûs!
  31. Reiny:
    4 november 2015
    Lieve Nynke,
    Wat weer een mooi, ontroerend, eerlijk en beeldende laatste blog. Ik hoop dat je naast de andere, vele mooie 'dingen' die je op je reis hebt gevonden, ook wat gaat doen met je schrijverstalent... Ik heb je verhalen gelezen met ofwel een big smile of tranen in mijn ogen.. Mooi mens ben je! X
  32. Annemiek:
    4 november 2015
    Hai lieverd,
    Wat een prachtig avontuur en volgens mij ongeveer een maand eerder dan verwacht!
    Je kunt wel tegeltjes laten maken met je prachtige uitspraken' zocht niet maar veel gevonden'. Prachtig!!!!
    Ongelofelijk dat je er weer bent, snel maar even wandelen
  33. Lutske:
    5 november 2015
    Nynke ik gean djip troch de knibbels wat in prestaasje. Hjoed mar gau nei hûs nei dyn gesin lekker genietsje.ik sil dyn ferhalen misse.
  34. Tjitske:
    5 november 2015
    Wot in prestaasje Nynke!! No mar thus lekker genietsje fan al dan dierbaren.
    Dikke tut Tjits en de rest.
  35. Leida:
    5 november 2015
    Beste juf Nynke,

    We zijn heel blij dat juf het gehaald heeft. We vinden het ook heel knap van juf. En dapper. Juf heeft ook sneller gelopen dan verwacht. Moedig dat juf doorgezet heeft, terwijl juf eigenlijk wilde stoppen. We zijn erg trots op juf.
    Een hele fijne reis naar huis.

    Groetjes groep 7a

    Anne, Berber, Frederika, Merijn, Gilles, Sinne, Manon, Milou, Mente, Luuk, Jana, Jalte, Femke, Lisanne, Willieke, Mayra, Oscar, Klaas, Floris, Sharmalies, Lars, Daniël, Antonio, Jens, Yda & juf Leida.

    PS: We willen graag een keertje naar juf haar verhalen luisteren ;)
  36. Margreet:
    5 november 2015
    No, ja, alles is eins al sein en ik slút my dêr by oan. Djip respekt foar hoe ast dy hjier trochhinne wurke hast.
    In hiele goeie weromreis en oant gau!!

    gr. Margreet
  37. Groep 7b:
    5 november 2015
    Lieve juf Nynke,

    Goed dat juf de Pelgrims tocht heeft gelopen.
    We zijn blij dat je veilig bent aangekomen.
    Goed dat je hebt door gezet bij de minder leuke momenten.
    Wij kijken er naar dat je bij ons in de klas komt!!!

    Groetjes 7b

    Femme, Lars, Tomas, Bernd, Jacoba, Noortje, Melissa, Marthe, Redmer, Ilselyn, Michelle, Mirte, Lucas, Henri, Merte, Savoy, Hidde, Sibrecht, Anke, Martijn, Kees-jan, Mathijs, juf Sepkje en juf Loïs
  38. Cora:
    5 november 2015
    De dapperste frau fan Wergea en fiere, fiere omstreken. Dikke tut.
  39. Ruud:
    6 november 2015
    Fantastisch gefeliciteerd
  40. Beer:
    6 november 2015
    Lieve Skat!! Alsof ik naast je bij de laatste mis zat, want daar begonnen mijn tranen direct te rollen!! Met geen pen te beschrijven hoe trots ik op je ben! ONMEUNIG!! ♡♡♡♡ Ik hoop je snel een dikke knuffel te geven maar eerst maar ff quality time met dien grote liefdes! Als een lekkere gezellige borrel je uitkomt dan App je maar ff, dan gaan we jou prestatie ff vieren! Nogmaals "Super Trots op je!" En Luv'ya
  41. Ruud:
    8 november 2015
    Hoi Nynke,wat een prestatie is dit.Ik weet nog goed dat je bij de Kameleon begon.Ik zag een punkerig meisje in een grote Mercedes met een hoop pit.Het werken met kinderen zat al in je genen en aan je doorzettingsvermogen twijfelde niemand.Deze reis kan niemand je meer afnemen.

    Gr Ruud
  42. Fokke:
    7 januari 2016
    Ik kom by tafol hjoed dyn blog tsjin. Wat in mooi ferhaal en do skriuwst ek mooi flot! Spitig dat ik it net yn augustus tsjin kommen bin.
    Ûnderweis wêze is, tink ik toch mooier dan oankomme yn Santiago en dan sit it gefoel yn it rinnen en net yn in wat (kermis)stêd?