Bijna yn de pyreneeën

7 oktober 2015 - Cluis, Frankrijk

Ha goeie leave minsken?

It is alwer efkes lyn dat ik skreun ha dat it waard wol wer tiid.
Jim hiene noch mei kriigen dat ik nye skoun nodich hie.No, dat ha ik witten! Sju, normaal rinne jo die dingen rustig yn. In lyts blokje om en sa no en dan yn de hus efkes oan. Neat oan de han. Maar nee hjer, ik flean der direct 30 km mei troch de bosken. Ja, dat is raze om moeilijkheden. De leste kilometers runnen al net mear sa noflik en toen ik de skounen ut die, wie de reden wol dudelyk. Bljirren as aaien sa grut! De hele hakke siet der under. Gelokkich wie ik Undertusken in expert wurden yn it behandeljen fan die dingen dat ik ha se prikt en plakt en de folgende dei koe ik wol wer fjirder. Se ha it noch in pear dagen fol holden en toen ha se eindelijk belies jun.

Underweis kom ik weinig oare pelgrims tsjin. Meestal lis ik allinich yn in refuge. Net die kear yn Basanne. Ik lei al heerlijk op bed te lesen doe't de doar iepen gie en der in drok, lyts mantsje binnen stapte. Hy begong direct al hele ferhalen op te hingjen. As ik it goed begrepen ha wie hy ut Praag wei run en gong hij tot oan de pyreneeën. Hy hie allegjear wiis praat oer wat in pelgrim beslist mei ha moest op syn reis.
Ik knikte mar wat, it wie my eins wol heilig. Hij liet my ek syn buff sjen. ( dat kinst bruke as pet tsjin de sinne mar ek as col tsjin de kjeld)
Fan alles wat hy opneamde wie de buff it ienichste wat ik ek yn de tas hie. De rest hie ik net en ek noch net mist.
Hy die wer in haal yn de tas en sei dat ie no twa fan die dingen hie, want hy hie ien fun! Glunderjend helle hy hem ut de tas. Hy lyke sprekend op die fan my! Goh, hoe is dat mogelijk. Hmmm....ik fielde al wat nattigheid, dat ik begun yn myn tas om te graaien. Gjin buff fanselfs.
Ik fertelde hem dat de kans grut wie dat it myn wie. Gelokkich koe ik in foto sjen litte wer't ik dat ding om hie. Hy seech al wat sneu mar koe net oars dan dat ding oan my jaan.

Soms ha ik mazzel en ken ik sliepe yn in refuge dy't beheert wurdt troch frywillegers. Ik kry dan in best miel iten foar in pear sinten.
Op in jun ferskynde der in groep bern mei twa begeleiders. De bern kriigen in rondleiding fan de frywillegers. It die blyken dat it fan de tsjerke ut gong. Se freechen of se my in pear fragen stellen mochten. No, dat wie prima fanself.
Nei wat hin en wer gepraat kriig se yn de gaten dat ik yn myn deistig libben foar de klas stun. Dat fun se prachtig en se freeche my of ik ek alle dagen begong mei in ochtendgebed. Ehhh.....nee no. Ik koe har mar moeilijk oan it ferstan bringe dat ik les joech oan in iepenbiere skoalle.
Se seech ferekte sneu doe't it har dudelyk waard en ek de bern wiene wat teleurgesteld. Doe freeche se of ik God al fun hie op myn pelgrimstocht. Ek dat moest ik ontkennen. Ik ha mar foarsichtig sein dat ik der net folle mei op hie. Tsja, der stun se dan foar al die bern en die hie se fan te voren fest ferteld oer it heilige doel fan in pelgrimstocht. Fol fjoer ofsetten nei de refuge om de bern no ris echt kennis te meitsje litten mei in wiere pelgrim! En wa komme se der tsjin? Nynke, dy't amper wit wearom we eins fry ha mei Pinkster.
It begrutte my suver om de bern dat ik ha se allegjear in stempel jun op hun papier krek as de pelgrims elke dei krye. Ik ha ferteld dat alle pelgrims in credential by hun ha om te bewijzen dat se pelgrim binne. Mei dit bewijs krye se goedkeap underdak en iten. De bern wiene hjir helemaal mei ut de skroeven en holden it papier grutsk omheech foar de foto. Wie dat ek wer oplost.

By lang net alle sliepplakken kry ik in miel iten. Meestal moat ik myself wat rede. Dan bin ik ek faak de ienichste.
Dat fielt net altyd lyke feilig.
Sa ha ik al in kear yn in grut kasteel sljipt. God, wat wie dat eng, grut en kald. In oare kear lei ik yn in restaureerde molen. Midden yn de wereld!
En juster sljipte ik yn in doarpshus. In joekel fan in ding mei 4 fjildbeden der yn.
Ik doch nachts gjin each ticht. Alle messen ha ik om my hinne lissen en de doaren barikadeert mei stoulen.
Wer ik no bin is it foar it eerst echt drok. Der komme hjir in protte routes by elkoar. Moarn bin ik yn Saint-pied-de-port en dan freed de pyreneeën oer. Ik sjoch se al lissen! Wurdt in hele klim.
Ik ken noch folle mear beswetse mar ik lit it sa eerst mar wer. Op nei Spanje!

Salut





Fan

Foto’s

21 Reacties

  1. Sietie:
    7 oktober 2015
    Ooo Nynke, wat in prachtich ferhaal. En wat in blierren. Godskes, sa ha ik se noch nea sjoen. Wat moai, die foto's. Kin we de sfeer ek (in hiél lyts) bytsje priuwe. Wat stiest moai by die bern op de foto! Krigest ek al hast lang hier... Jim ha der mar moai waar by. Leave Nynke, pas goed op dysels. Bist al in hiel ein!
    Tink oan dy, leafs,
    Sietie
  2. Willy:
    7 oktober 2015
    Heeee frou
    Der wie se wer hjer☺ op nei Spanje seit se. Klinkt best.
    En lekker die blirren...pfff
    en wat gesellig san mantsje diet een nachtje der ek slipt☺☺
    Wat belibbest een protte....skriuwst straks een boek tink....mooi man
    Succes mar wer he en oant oare keer.
    Dikke tùt Wil
  3. Marye:
    7 oktober 2015
    Ha Nynke!
    Wat bisto in prachtich aventoer begûn!
    Leuk om dyn ferhalen en belevenissen te lêzen .

    Sukses fierder Heldin!
  4. Heit en Mem:
    7 oktober 2015
    No Nynke ik haw krekt Ester en femke der 'ut litten dy hine hjir iten mei de hûn. Wy hine it der oer hân om noch nei dy ta mar der sjoche wy mar fan ôf, it is in hiel ein en it ôfskie segen wy ek net sitten. Hjir is fjirders alles goed, ik pas wat mei op it spul. Groetnis en in dikke tut fan mem
  5. Marten:
    7 oktober 2015
    Hoi Nynke,
    Wat wer in moai ferhaal. It bliuwt yndrukwekkend om te lezen! In hiel soad wille der en set 'm op.
    Marten
  6. Ester:
    7 oktober 2015
    topper
  7. Ineke:
    7 oktober 2015
    Weer een mooi verhaal Nynke!
  8. Emiel:
    7 oktober 2015
    Moai ferhaal! Bist al hast yn Spanje. Het gaat als het slijtjaagt.
  9. Marjolijn:
    7 oktober 2015
    Hoi meissie, wat een blaren en wat ben je al ver....volgens mij lig je voor op schema. Prachtige verhalen. Respect hoor!!
    Dikke tut
  10. Petra:
    7 oktober 2015
    wow, bijna in Spanje... Ongelooflijk!! Wat een verhalen, kleine belevenissen worden prachtige herinneringen en we zijn gewoon super trots!!
    Veel liefs Pé
  11. Annemiek:
    7 oktober 2015
    Lieve Nynke,
    Fijn weer iets te horen want wilde eigenlijk vanavond ester gaan bellen omdat ik mij wat ongerust begon te maken. maar je bent goed 'en route'! Een prachtige zware route voor de boeg en hopelijk iets meer leven in de refuge!
    Geniet, enjoy en wees trots!
    Heel veel dikke zoenen Annemiek
  12. Leida:
    7 oktober 2015
    Heey Nynke,
    Gotskes, wat in aventoeren belibbest! Alles meiinoar in reis foar it libben! Ast bejaard biste, hast it der noch oer ;-) Set him op!! En ik lês dyn prachtich machtige ferhalen mei ien en al wille!!! Tink oan dy! Dikke tút, Leida
  13. Symon Odinga:
    8 oktober 2015
    Ha dy nynke.
    Ha wer genoaten fan dyn ferhaal.
    Wat hast in oar libben. Oars hiest hjoed it begjin fan de 'kinderboekenweek'
    meimakke. En no bist hast al yn Spanje. Eins is it hast net te begripen
    das't rinnende safier al bist.
    Bist noch altyd sa lokkich mei dysels?
    set him op, ik bin echt grutsk op dy!
  14. Regina:
    8 oktober 2015
    Hoi Nynke,

    Famke, wat ben je al ver en wat beleef jij wat. Superdapperknapper! En leuk om weer wat van je te horen uiteraard. Ben niet nieuwsgierig, maar mag graag alles weten jaja . Zet em op Nynke over de Pyreneeën en power voor jou gewenst. Ennuh, mensen struikelen niet over bergen, alleen over molshopen!
    Ook halverwege de berg kun je mooi uitzicht hebben........ Succes!

    Groetjes Regina
  15. Hanneke:
    9 oktober 2015
    Lieve Nyn,
    Heerlijk weer iets van je te horen!Ik heb veel bewondering dat je dit avontuur in je up aangaat.. Liefssssss
  16. Sjirk:
    9 oktober 2015
    He Nynke bist al un hiel ein op sjou dy lytse heuvels dat is dy de gong mar. Moaie ferhalen en do belibbest un protte. Wy tinke oan dy en wachtsje wer op it folgjende moaie ferhaal. dikke tut en later
  17. Anneke:
    9 oktober 2015
    Succes ien de Pyreneeën.
    Soe net samar sa in toch meitsje. Ha bewondering en respect foar dy!
  18. Riemke B:
    10 oktober 2015
    Hoi Nynke
    dat mei die skuolle bern docht mij oan Thailân tinken, ter wiene ek bern bij de tempel, die dei wat fragen stelden. Se siekje de goeie der wol ut.
    Mar wat bist al in ein fuort, de wereld ut frou.
    Geweldig hoe ast it dochst, wat mooi om wer efen wat fan dei te hjearren, en efen mei dei mei te reizigjen. Do bist it nog net ferleard om spul kwiet te reitsjen, mar it komt faaks ek wol wer goed. Ik wol dei wer in goeie reis tawinskje, dikke kroep ut Terherne
  19. Harmke Anema:
    10 oktober 2015
    Hè topper, je slaat jezelf er maar goed doorheen en ook de hoge pyreneeën zal je op karakter gaan halen. Succes topper.! Dikke tuut Harmke
  20. Tjitske dijkstra:
    12 oktober 2015
    No frou, pfff, wat makkesto in kilometers per dei! No 't ik dit lêzen ha, bisto de Pyreneeën al oer en hasto al murken dasto net mear de ienichste bist. Geniet mar fan it moetsjen fan oare pelgrims! Dyn gemiddeldes lizze wol hiel heech, Nynke! Asto net oppast hoechst de ynspeksje net iens te missen! ;-)
    Set 'm op hjer! Tjitske
  21. Huug Molendijk:
    12 oktober 2015
    Ha Nynke, ik bin wat let mei reagearjen, mar better ........
    It is wer in moai ferslach en do skriuwst sa as bist. Wy sjogge it allegear sa foar us. Hoest dan praatst en dochst.. Do silst no wol yn e Pyreneeën rinne en dat liket my tige swier ta. Mar do hast al safolle beproevingen oerlibbe, dat dit gebergte silst do ek wol oerwinne. Do silst aansens ek wol in moai utsicht ha, liket my. Ik tink dast al in hiel ein rjochting Santiago sjen kinst...Mar it sjit moai op. Hast al in pear ekstra sokken? Oars dan sjoert ik dy in pear op. Ik kin helaas net breidzje mar oars..
    Set m op! Sjoch ut nei it folgende ferslach.