Dordogne

25 september 2015 - Périgueux, Frankrijk

Leave minsken,

Ik ha eindelijk wer ris wifi dus ik sil jim gau berichtsje Hoe it giet.
De leste keer dat ik skreu wie it min waar. Dat hat noch in pear dagen troch setten.
Ik wit noch dat ik op in moarn wekker waard fan de rein en hurde wyn. Wat leit in waarm bed dan noflik. Ik soe my noch in kear omdraaie mar betocht yn ien kear dat myn sokken noch buten yn it finster leine te wjirjen. Ik flean it bed ut, doch it raam iepen en sjoch om my hinne. Gjin sok te bekennen fanselfs!
Ik hie se ek net fest setten, dat de wyn hie fry spul han. Op myn slippers bin ik nei buten setten. Ik Moast die ferekte dingen toch wer ha want myn oare pear hie ik al wei barche! ( lyk as myn kessen, itensbak en under klean)
It wie noch net ljocht dat it sykjen wie net sa maklik. Nei in skoft joech ik it foar eerst mar op. Ik gong oan de tafel sitten en betocht dat ik sunder sokken net fjirder koe. En alex hat maat skûtsje dus dat wie ek net in oplossing. Ja, der holp gjin bliksem oan ik moast wer nei buten en better sykje.
Lang om let ha ik se beide fun. No, se wiene wol wjirje!

Alex en ik ha in pear dagen tegearre run. Op it snurken fan alex nei bevalt my dat prima. Helaas kriig alex in blessure en mocht 5 dagen net rinne. Ik bin toen allinich wer ofsetten.
It wie en is prachtig neisimmer waar. Ik rin yn korte broek en himd. It fruit pluk ik fan de beamen ( appels, parren, vijgen en perziken )
Juster seech ik frambozen hingjen oan in strukje in bytsje fan de dyk of. Ik bin gek op dat spul dat ik begun om raak te plukken. Sa ik der stean komt der mei gang in Dalmatiër under de hage wei stouwen! Hij kaam woest op my of en bleaun flak foar my stean te blaffen en te grommen. Allegjear gedachten skeaten troch my hinne. Moast ik stean bliuwe? Wer hie ik myn mes? Net yn de eachen sjen toch? Ik probjeare de angst te underdrukken mar dat slagge net. Tot myn stomme ferbazing sette dat kring lyke hurd wer of as dat hy kommen wie. Ik twifele gjin moment en ha de sokken der yn set. Ik seach al dravend steeds achterom of dat bist my ek nei kaam. Nei in skoft wie ik der wis fan dat dat net it geval wie. Ik moest eerst sitte. Myn hannen trillen as in gek en ik stonk fan it angstswit. Wat wie ik bliid dat ik it roken noch net ferleard wie!

Mar gau nei it folgende doarp en sykje om plak. Der wie in camping en ik liet my fertelle dat se ek pelgrims opvange. Ik der hinne. Ik waard wolkom sein troch in apart achtig frommes. Se hie de earmen fan in houthakker en de stem fan in doarpsomropper. Of se wie self doof of se tocht dat ik dat wie want se raasde wol sa unfoech hurd, ik koe it net litte en hald de hannen foar de earen. Mar ik hie foar in tientsje plak dus it gong best.

Ik bin no yn de Dordogne. It is hjir gans better as it noorden. Sa slecht as ik yn it begjin allinich wese koe, sa goed giet dat no. It komt waarschijnlijk troch dat ik better mei de persoon opsjitte ken wer ik it dan mei dwaan moat. Se befalt my steeds better.
Ik gean moarns as it ljocht wurdt de doar ut en sjoch wol wer ik hinne rin. Dat hinget fan it waar of en myn skynbonken. Hjoed gong it best, dat ik ha 35 km run.
It is in prachtig fry bestean.
Moarn sil ik eerst om nye skoun want disse binne ferslyten. Ha al by in skounmakker west mar it waard neat meer om se te meitsjen. Ik ha der 1200 km op run. Bin no dus ungeveer op de helft.

Jim binne no wer helemaal by dat ik gean sliepen.
Mochten Jim reagere wolle....Graag! Fyn it prachtig om te lesen

Salut

Foto’s

31 Reacties

  1. Fokje pijl:
    24 september 2015
    Wer een prachtig ferhaal Nynke!! Wot Bunnik grutsk op dy. 1200 km ppff dot is net niks. Lekker koese foar straks!! Leafs FokjeX
  2. Willy:
    24 september 2015
    Heee frou, wat fyn wer wat fan dy te hjearen. En it gied mar goed sa te lezen. Wat hast al wat meimakke; fan blaffende hunen oan lude froulju:)
    Mar it mooist is wol dast dyn ' meirinner'...steeds leuker begjinst te fynen (foenen wij hjir allang hjer!)
    Fanke ik winskje dy nog een protte mooie kilometers ta en no eerst mar lekker sliepe.
    Dikke tut
    Willy
  3. Annelies:
    24 september 2015
    Prachtig Nynke, wat skriuwst wer moai!! En sa te hearren fienst it steeds moaier, wat silst nog wat belibje!! tut
  4. Emiel:
    24 september 2015
    Leuk, vrolijk ferhaal! Bliid dat it better mei dy giet. Succes en ik sjoch út nei dyn folgjende aventoer.
  5. Jacoba:
    24 september 2015
    Ha Nynke,
    Dy oare 1200 kilometers wurde geweldig ast dyn "soalsearching " sa troch sest. It is geweldig om te lezen hoe dyn mindset feroaret. Der is asen gjin harsen mear dy dy noch wat wils meitsje kin.
    Respect frou!!! Dikke tut en as it koe ek in pear sokken
  6. Reiny:
    24 september 2015
    Hoi! Fijn te lezen dat het goed met je gaat en dat het je goed doet. Ik kijk uit naar je nieuwe avonturen! XXX
  7. Sjoerdtje:
    24 september 2015
    Leave Nynke
    Efkes lûd fan omke en muoike. Wy hawwe fan ús Sjoerdtje alle reisferhalen fan dy lêzen. Op it stuit sitte wy mei Tom en Sjoerdtje in Oostkapelle. Jelle en zijn kompanen komme letter op de jûn; famyljewikein. De elektryske fytskes binne al foar ús hiert, dat moarn meiinoar op de fyts Zeelân yn. Jûn erges ite. Wy binne mei njoggen. Hylke syn freondinne is der ek by.
    In it hûske is WiFi dat wy koenen dyn lêtste reisferslach direkst meikrije. It liket derop faam. Wy binne grutsk op dy!
    No trochsette. Leave groetnis fan dyn omke en muoike út de Gerdyk.
    P.s. ek groetnis fan Tom en Sjoerdtje
  8. Jan en geke meindertsma.:
    24 september 2015
    Hoi Nynke. Wat wer in prachtich ferhaal! Moai datst sa goed mei dysels oerwei kinst! We winskje dy in soad moai hjerstwaar ta, enne droeche sokken!!
  9. Hennie:
    24 september 2015
    Mooi fanke! Ik leef hielendal mei! Dikke tút xxxx
  10. Anky:
    24 september 2015
    Hé flinter,
    Wat fijn om te lêzen. It giet goed mei dy en dat is super! En wat bisto al in ein fuort. Lekker sa mei moai waar yn de koarte broek. No dat kin net mear by ús. Op it stuit moat ik mei de pleinwacht der om tinke om in jas mei te nimmen nei skoalle. En de tiid fan it deiljocht begjint ek al rap yn te koartsen.
    No bikkel, moai sa troch fladderje en ik bin al wer nijskjirrig nei dyn ferfolchferhaal. Dikke tut fan ús.
  11. W&W:
    24 september 2015
    Nynke, wat bist in kanjer en mar trochsette, djip respect !
    Wat silst hjir in soad fan opstekke. De klote dingen ,mar ek de bisondere dingen en hjir moast dy mar oan festhalde, om nooit te ferjitten.Wy sille grif in oare Nynke werom sjen.Tige tank foar dyn ferhalen.Wy keapje grif dyn boekje.Set troch, wy sjogge wer ut nei dyn folgende history.Groetnis Wietske en Wietze
  12. Piet de Vries:
    24 september 2015
    Still going strong. Geniet er van je doet het waarschijnlijk maar 1x. Ik vind het een geweldige prestatie. Veel succes met de tweede helft. De derde helft komt later wel weer.
  13. Symon Odinga:
    24 september 2015
    Ha dy nynke!
    Wat hast wer in prachtich ferhaal mei humor skreaun.
    Earms as in houthakker en in stim as in doarpsomropper.
    Moai sein. Mar it alderwichtichste is de omslach dy'st makke hast.
    Tefreden wêze mei dysels! Hjir hast dyn hiele libben wat oan.
    En do bist ek folle optimistysker wurden.
    Wat moai om te hearren. Set him op hear.
    No de oare helte noch. Ik bin grutsk op dy!
  14. Maartje Bloemhof:
    24 september 2015
    Hoi fanke,
    Geweldig, wat kinst grutsk weze. Wat tink ik ek vaak oan dy. Sa geweldig om te fielen dat it sa goed mei dy giet. Wat soe ik stomme graag es efkes yn it gers site wolle mei dy om te praten. Fansels is it no ek al genietsjen fan dyn ferhalen. Sa mooi asto skrieuwe kinst. It fielt as Bin ik derby. Wat Bist in trochsetter, mar dat wist ik ek al. Hoopje dast in pear super stapper fun hast, om de oare helt op te rinnen.
    In Hiele dikke tut en fansels in dikke knuffel derby.
  15. Ester:
    25 september 2015
    Wol jammer dast it kwyt reitsjen fan spul noch net kwyt rakke bist...... topper.
  16. Riemke B:
    25 september 2015
    Hoi Nynke
    wat dochst it goed, ik fien it sa mooi, dast der steeds meer nocht oan krijst, de helte han, no op nei de oare helte, ik woe ek wol efen om it hoekje sjen, en efen eamelje, we ha it faak efen oer dei, no frou genietse fan al it moois dast tsjin komst( behalve hûnen)dikke kroep en tut
  17. Wimke:
    25 september 2015
    Hey Nynke.
    Ik folgje dyn reis, genietsje fan dyn aventour.
    As ik nei it wurk gean nim ik de tillefoan mei en lês in bewenner foar ast wer wat skreaun hast. Miskien kenst har wol. It is frou Anneke Hotsma. Fan har moast ik sizze dat se it geweldich fynt om dy op dizze manier te folgjen. Moast al trochsette. Dat fyn ik ek. Dus Nynke set him op
  18. Harmke Anema:
    25 september 2015
    Hè topper wat bist weer op dreef niet, zowel in ut avontuur als in dien verhaal. Machtig om te lezen en super knap dat de teller al op 1200 km staat bij een auto wordt de waarde minder maar do bist straks net meer te beteljen na deze reis. Succes Nynke en op naar de volgende mooi avonturen van dien reis. Dikke tuut Harmke
  19. Martsen:
    25 september 2015
    Klinkt as ofst dyn draai hielendal fun hast en ek dyself. Ik sjoch it allegear sa foar my en bin suver wat jaloers. Set him op en genietse!
  20. Margreet:
    25 september 2015
    Hey frou,

    Dit binne de bettere dagen! Eins is alles al troch eltsenien bepraat en dêr slút ik my graach by oan.
    Bliuw by myn sizzen dat it absoluut in goed boek wurde sil mochtst dat beslúte, ik bin alwer benijd nei de kommende dagen. gr. Margreet
  21. Jan:
    25 september 2015
    tja wat sil ik sisse oer ut wei barchjen fan spul! no sis mar neat!
    mar bliid dat ut goed mei dy giet, no de oare helt nog mar dat komt mei dy wol goed! do bist un topper!
    succes fjirder en un dikke tut:-)
  22. Jetty:
    25 september 2015
    He âlde pelgrim,
    It begjint no suver in romantisch ferhaal te wurden en dat is moai want dan bist no echt oan it genietsjen! Och ja, en dan binne san lulke hûn en gjin sokken ek mar futiliteiten.
    Op soks soart mominten hiest fansels wol in ôfgryslike steun oan my hawn, want ik sjuch san bist al op in kilometer ofstân. Wat dan wol wer ynhâld dat je folle fjirder rinne moatte, mar der draaist do dyn hân net mear foar om. En dan noch in praktyske tip, altyd jo spullen opbergje op it selde plak en restich bliuwe as jo sykje!!
    Meitsje der wat fan topper, leafs en dikke tút.
  23. Tialde:
    25 september 2015
    1200 kilometer! Wauw! Ik Bin wolris op fakansje west yn de Dordonge, yn e auto fûn ik t in hiel ein en do rinst dat hiele ein!
    Hoe is t gong mei de nije skoun? Gjin blieren hawn?
    Succes!
  24. Ineke:
    25 september 2015
    Mooi dat het weer en alles nu weer wat beter gaat, maar als je toch om nieuwe schoenen moet is het misschien ook handig om nieuwe sokken enz te halen, voor het geval dat!! Ik moet er niet aan denken dat ik zo'n eind moest lopen, alle respect.
  25. Tjitske dijkstra:
    26 september 2015
    Hoi Nynke, wat moai om te hearren dat it allinnich rinnen yn "goed selskip" dy goed ôfgiet. Wat in ferhaal mei dyn skuon en sokken! Op nei Saint Jean Pied de Port! Set 'm op!
  26. Ludie, Reintje, Leonie en Irma:
    26 september 2015
    Wat in aventoer! Dast mei in leuk famke op paad bist, dat witte wy al lang! Op nei de volgende 1200 km, zet m op!
  27. Karin eisma:
    27 september 2015
    Ha Nynke,
    ik hjear fan ester no net mear it measte omdat ik net meer op Inducent wurkje. Mar fyn it prachtig om dyn ferhalen te lêzen. Dyn skriuwstijl wurdearre ik sear. Ik kin my hast foarstelle hoe it giet. Ja en Frankryk is in lân fan útersten. Wy binne er faak op de motor west en ha ek it noadiche mei makke. Nynke ik fyn it super knap fan dy, mar do hast in doel en dat is it belangrykste. In soad nocht, wille en krêft tawinske. Freonlike groet fan Karin
  28. Hanneke:
    27 september 2015
    Lieve Nyne-Pien,
    Ik moet wel om je lachen,hoor....die sokken...
    Super dat je jezelf leuk gaat vinden.... Jij en jezelf..
    Knuffffffff
  29. Beer:
    28 september 2015
    Lieve lieve stoere Nynke!! Wat ben ik trots op jou en wat super om te lezen dat je die beste vriend in jezelf leert kennen! Jullie gaan vast nog een geweldige 2e helft tegemoet! ♡ Hier wordt ikzelf helaas ook aan wat emotionele obstakels blootgesteld maar dat deel ik nog wel eens als jij en je soulmate weer tegenover mij zitten met een koude klets ;) Dat je maar weet dat jij met je fantastische schrijven, de lag op mijn gezicht tovert, als een zonnestraal bij grauwe hemel!
    Geniet met volle teugen van je mooie avontuur (en van je nieuwe schoenen ;) Ik kan bijna niet trotser op je zijn dan ik nu al ben maar die uitdaging ga ik natuurlijk aan! Zet m op en geniet!

    Nog een kleine toevoeging: ik lees in je berichten een aantal situaties die de mini MAC Light uit t ultimate survival pakketje, moeiteloos hadden opgelost.... ;p

    Luv'ya Tút Beer
  30. Sepkje:
    28 september 2015
    Haaaaaa Nynke,

    De treinnen rolje mij oer de wangen, wat skriuwsto machtig moai oer alles watsto belibbe hast! Anne frege ek al werom ik sa oan t skaterjen wie, haha:) Bist in echte trochsetter les ik! Dat wie mij nea slagge mei dat lytse bytsje iten eltse kear.... Sukses en goeie nachtrust tawinske! Leafs
  31. Anneke:
    9 oktober 2015
    No Nynke dat wie alwer in moai ferhaal. Mei se graag lese al ist faaks wat letter as oaren. Bin drok mei Geauke. dus al 1200 km man ik draaf mar in goeie 300 mear per jier. Set em op.