Midden frankrijk

16 september 2015 - Cluis, Frankrijk

Leave minsken,

Myn skriuwen liet dit kear wat langer op zich wachtsje mar hawar der bin ik dan.
Ik hie jim ferlitten yn vezelay dus der pak ik it wer op.

It wie werkelijk in bjusterbaarlijk moment om Femke, Ester en myn alders te moetsjen. We ha prachtige dagen han wer helaas fjirsten te snel in ein oan kaam. It moment dat se my wer fourt brochten en ik daadwerkelijk ut de auto stapte, wie absurd. Ik woe net utstappe! Ik woe mei nei hus!
Mar ik wist dat ik der spijt fan krije soe dus ha elts in pear dikke tutten joen en ha it spul utswaaid. En Door!
Wat ha ik twa dreeche dagen han! De eerste jun mocht ik direct yn in hok sliepe sunder matras en kessen. Iten wie der ek net dat ik ha wat koekjes, makreel en dadels ophaffelt.
Healwei de wike kaam ik Patrice tsjin ( Fransman, boswachter, 56 ier). We koene it best fyne! Hij fertelde my hokker beskes ik wol en net ite koe en wist faaks in koarter paad. Dat skeelde nooit meer as twa km en faaks doure it ek langer omdat it paden wiene wer't selfs de bisten omhinne rinne. Sa hie hy my in kear ergens troch hinne leidt! No, ik kaam it struikgewas ut mei de striemen op de kop, in winkelheak yn de broek en de brandnettel bulten op de earmen! Mar hawar, it wie 1 km koarter.
Ik wie tige bliid dat we der wiene want it hie de hele dei reint. Ik wie sa kald as in bok. Nei it douchen frege it mantsje wer we sljipten of ik ek wat drinke woe, ik sei dat ik wol nocht hie yn koffie. Ik seech noch in ald flutsje yn de kanne sitten en ferwachte dat hy wol nye sette soe. Mar nee! Hij slingere it flutsje yn in beker, sette die yn de magnetron en joech it my oer. Tus hie ik dit nea opdronken mar ik dourde it mantsje net teleur te stellen dat ha it snel opdronken . It wie werkelijk net te supen!

De folgende dei kriig Patrice it skokkende bericht dat syn maat wie overleden. We binne noch efkes fjirder run nei in doarp en der is hij op de bus stapt.
Undertusken rin ik wer mei Alex. Dat befalt ek prima. Ik ha it tige nei myn sin.
It ienigste wat seer fervelend is, is it feit dat ik net sliep.
De tiid is dan in raar ding: Hoe ken iets wat sa constant is, sa relatief wese! Ik ha it idee dat d'r nachts wol 5 kertier yn in oere sitte! Bin der troch ek siik wurden en koe in moarn net rinne. Juster moest ik 27 km. De leste 5 km kaam ik net meer foarut. Ik stun hast steand te sliepen. Sa koe it net langer der moest wat gebeure.
Ester hie slieppillen meinommen mar die holpen net. Miskien moast ik de dosis wat omheech slingerje. Jawis, dat wie fest de oplossing. Dat ik ha twa slieppillen en twa asperientsjes nei binnen wrotten en ha my del joen.
Ik ha sljipt! Heerlijk! Fielde my wer stikken better.
Hjoed ha ik ondanks de rein in beste dei han. Heerlijk! Goh, je sille nye wike mar besite krye fan de underwijsinspectie.
Lyket my mar stressen.

A bientot

Nynkr

Foto’s

22 Reacties

  1. Ester:
    16 september 2015
    Hè pop
    Wat wer in moai ferhaal. Efkes in knipeag nei it wurk. Soe ik ek dwaan. Moast der noch mar in moaie tiid fan meitsje. Ha sa folle respect foar dy. Fyn it knap dast wol troch sest! Topper...
  2. Martsen:
    16 september 2015
    Ha nynke! Wer in prachtich ferhaal! Wat bist ek al in ein fuort man. Flink hjer. Ja dat net kinne slipe dat is strontvervelend. Ik hoop dat dat no wat better giet. Wat mooi ek dat de family ff del west hat! Dat is dan echt ff geniete en dan idd wer troch. Hiel knap, set m op nynk!
  3. Riemke B:
    16 september 2015
    Wat ruist daar door het struiiiikgewas, machtig dast de boel wer op e rit hast, en dat der wer nogt oan krijst, fien it super stoer, dikke tuut ut Terherne
  4. Emiel:
    16 september 2015
    Hoi Nynke, wer in moai ferhaal. Ast wer ris in kear net sliepe kinst betink dan mar ris wat it ferskil is tusken in feart en in greppel! In slobber fan Emiel
  5. Petra:
    16 september 2015
    hé Nynke, wat weer een periode van uitersten, onvoorstelbaar wat wij doen om de inspectie te overleven en wat jij doet om deze tocht te 'overleven'. Wat heb ik een respect voor jou!! Dikke tút Veneboer
  6. Hennie:
    16 september 2015
    Och leave, hast it noch net heard..... De inspecteur komt yn jannewaris.....is útsteld. Dus hast mazzel! Hoechst it net te missen.......
  7. Maartje Bloemhof:
    16 september 2015
    Hoi hoi,
    Blind wer wat fan dy te hearren.
    Wat wer in ferhaal.
    Liket my feskrikkelijk om net in goed plak te hawwen om te sliepen.
    En dan dy koffie. Tsja inspectie en in lekker bakje is ek wat foar te sizzen. Dikke knuffel.
  8. Annemiek:
    16 september 2015
    Dag lieverd,

    Wat heerlijk weer op de hoogte te zijn van jouw leventje, zoals het leven inderdaad eigenlijk hoort te zijn, puur in alle eenvoud! Prachtig om te lezen en soms gaat er gevoel van jaloezie door mij heen!geweldig om een tijdje zo te leven! Ben zo blij dat je zo geniet en het slapen gaat nu ook vast beter!
    Dikke zoenen Annemiek
  9. Huug Molendijk:
    16 september 2015
    Ha Nynke, wer in leuk stikje. Moai om dy sa te folgjen. En in mailtje fan dy, beginst fuortendaliks te leze. Hoe sil it mei har weze?
    In pear fraachjes. Hoe folle km makkest gemiddeld op in dei? En moatte jim oan it ein fan e dei altijd om in sliepplak sykje of binne dy al bekind? Op nei it folgende stikje!

    Huug
  10. Tjitske Dijkstra:
    17 september 2015
    Ik wie gewoan bliid om wer wat fan dy te hearren! Duorre my eins lang genôch! Makke my sels al wat ûngerêst. Moai dast no minsken trefst dy t deselfde kant útrinne! En miskien moast oergean op brânnettelthee, ypf âlde trochseane kofje wêr t allinnich noch mar de cafeïne noch fan oer is! Skeelt faaks mei it sliepen en as t dochs tsjin brânnettels oanrinst...?(...en wat in humor, ynspeksje besite útsteld tot oan jannuwaris! Hoechst neat te missen! Haha) Knap frou! Respekt foar dy! Set'm op!
  11. Regina:
    17 september 2015
    Hoi vrouw,
    Wow, wat super dapper van je dat je toch die auto met alle dierbaren erin bent uitgestapt! Respect! Je maakt wat mee zo te lezen. Echt puur in de natuur en doorgaan op karakter. Top! Je hebt het allemaal weer mooi verwoord. Ik zie het allemaal voor me wat je schrijft en sterker nog, ik hoor t je zeggen! En dan kan ik het uiteraard niet laten om te lachen. Prachtig en machtig. Wens je veel power toe en keep going and stay strong! Ik wacht met smart het volgende reisverslag af. Toedeloeeee!
  12. Diva:
    17 september 2015
    Nynke, nynke... Nynke!!!

    Ik wit it nog goed.. Op een freed te moarn, do komst jir te koffie drinken. Ik set de Senseo oan, en it 1e wast sto ropst is: Senseo!! Senseo!! Senseo???!! Die meuk drink ik net jer! Nee die troep is echt net te supen! Dan drink ik ljever gjin koffie!!
    Ja mar nynke, ik ha niks oars! No, seidest.. dan fiets ik wol nei de attent foar oploskoffie. Ik tocht nog, OPLOSKOFFIE???!!
    Dat is yn myn eagen namelijk meuk! Dag gjout drinke je ot je gjin koffie lusse. Mar hawar, do yn de rein, op e fiets nei de attent. Kaamst werom mei oploskoffie van Nescafe gold, dat dan wol wer sis mar. Ik tocht, it sil ek wol..
    ik kaam it potsje fannemoarn wer tsjin, is fansels de leste pear wieken neat net ut de kast west. Ha doe nog tocht, sil dit wol goed blieuwe oant december ta? Of sil ik mar nije keapje? No, nei dyn ferhaal oer die koffie, ha ik de beslissing mar naam, dat it wol mooi stean blieuwe kin. Do sjochst net meer raar op fan een ald bakkie les ik wol :-)

    Mooi om te lesen dast it pelgrim wesen wer sa op pakt hast frou! Sil wol net makkelijk west ha! En dan toch troch sette! Respect ha wij der foar jer!
    It reint jir ek al sawot de hiele wieke, en ik sjoch der sels al tsjin op om de container bij de dyk te setten. Lit it dan ek mar oan Rob oer, do wist.. dat is een mannen taak he..

    Topper! Gean sa troch!!

    En uuh.. Emiel?
    Dat verskil is toch net sa moeilijk??

    Dikke tut fan it keardok!
  13. Symon Odinga:
    17 september 2015
    Hee nynke,
    Wat moai dat der wer in ferslagje fan dy ferskynt. Ik hie al in skofke tocht dat it wat lang duorre. Ja, kin my foarstelle dat it ferskrikkelik moeilik is ôfskie te nimmen fan dyn neisten.
    Mar do hiest yndied spyt krigen as't mei gien wiest. Hast no al safolle meimakke, dit kin der ek noch wol by.
    Net sliepe kinne is yndied hiel slim. Ik ha yn de famylje ek sokke minsken en dy hearre alle oeren de klok slaan. Oars dochs mar in piltsje, want goed sliepe is fansels tige wichtich.
    Set him op hear. en alles is better as ynspeksje doch?
    Leafs fan Symon
  14. Sietie:
    17 september 2015
    Fyn om wer wat fan dy te hearren. Wer in moai ferhaal Nynke. En as ik oant lêzen bin, tink ik; dat fanke is hielendal nei Frankryk rûn...dat is dochs wol wat. Allinne mar rinne. En kin je fantefoaren betinke wat je ungefear meimeitsje sille? Dat je miskien net altyd maklik in sliepplak fine en dat je soms beskes (?#!) ite moatte underweis... Wat bist in bikkel. Do dochst dat dus. Respekt Nynke!
    Oars mar wer oan de griene tee yn plak fan kofje...mar moai trochgean en genietsje fan alles om dy hinne.
    Ik tink oan dy, leafs,
    Sietie
  15. Annelies:
    17 september 2015
    Wat hast wer moai skreaun!! Bin bliid dast in nachtje goed slipt hast, hopelijk wist no wer hoe it moat!! XX
  16. Ellen de Vries:
    17 september 2015
    Nynke, respect. Goed bezig! Moai om dien ferhalen te lesen. Set 'm op fjidder. Wy pasje hjir wol op Ester.
  17. Jelmer, Lien&Doutsie:
    18 september 2015
    Hey Nynke,

    Hjir ek mar es fkes een reactie fan us op dien reisblog. Wot kist prachtige ferhalen skriuwe. Ik hjer 't dy ek allegeare ol sizzen. 'T Bin ferhalen mei een lach en een traan En wot belibbest een soard, sawol mooie as dreege dingen. Mar idd, tog trochsette. Super stoer frou! Een erfaring om nea wer te ferjitten. Wot kist do grutsk op dysels weze. Wy bin 't iig seker. En nei besiete hawn te hawwen fan dien dierbaren kist der wer tsjen oan. Faam gean sa troch, hald 't kopke omheeg Dit nimt gjin ien wer fan dy òf. Ik sees twee dumkes;-) Dikke tut fan us
  18. Elske:
    18 september 2015
    Hoi Nynke, Ha no foar it earst al dyn ferhalen lêzen, prachtig moai beskreaun alles en wat in belevenis en wat bisto in trochsetter, ik soe it dy nea neidwaan. Undanks alle tsjinslagen wit ik seker dasto it heljen giest. Sukses fierder. Gr. Elske
  19. Anky:
    20 september 2015
    Hé flinter,
    Mei it boerestraatgolf fertelde Ester oer it moaie wykein sa mei elkoar. Mar ja, dan it los litten en wer fierder gean, falt net ta!
    Bikkel, do giest der wer foar en mei respekt lês ik dyn ferhael.
    Ik doch my tinken oan de jongensboeken fan "Overleven yn de wildernis". Dyn ferhael kinsto sa diele mei dyn learlingen op skoalle. De earste skoallewiken binne al wer om. En eltsenien is drok warber mei de bern en alle rompslomp dy der by komt te sjen. En ja natuerlik tink ik derby wol ris oan dy. Do bist yn in hiele oare wrâld op in hiele oare wize warber. En we prate ek oer dy. En ûnertusken giet alles troch en hat eltsenien syn ferdivedaasje. En dat is ek goed. Do bist al in hiel ein en hooplik hast de kommende tiid 'de wyn yn de rêch".
    Oh ja, "Sunder Nynke giet it better" wûn fan de fruolju de 1e priis. We ha der ien op nommen. Dit betsjut wat foar kommend jier!! Ha, ha. Ik ha der no al sin yn.
    Flinter, flean de goede kant op en pas goed op dy sels.
    Geniet fan alle moaie dingen en bysûndere minsken ûnderweis. Dikke tut fan ús.
  20. Hanneke:
    21 september 2015
    Lieve Nyn,
    Wat kun je heerlijk schrijven over al je belevenissen! Net of ik naast je loop... zoals we ook onze pleinwacht liepen..
    Heel veel liefssssss
  21. Wieke:
    22 september 2015
    Hoi Nynke, ik sjoch steeds de ferhalen en reakties foarbei kommen en tocht , efkes reagere. Sa dast do wist dat ik ek oan dij tink. Sukses mei dyn reis.
    Oant sjen, Wieke.
  22. Baukje:
    23 september 2015
    He Wieke wrotmus,
    Tsjonge jonge har krek dyn belevenissen allegjirre leazen. Wat n aventoer siz. Djip respect frou.... Sist wol ris even vlokt ha, mar knap dast dan ff op e tosken bytst en gjin belies joust. Sommige dagen binne hiel lang mar ast straks wer by us op t voetbalfjild stjist tinkt:" wer is die bliksumse tiid bliuwn". Ik hoop dast al wat sliepe kist. Hiel protte sterkte en geniete fan dizze speciale mominten.
    Dikke tut fan Bauk