Waarm en op besite

2 september 2015 - Anglure, Frankrijk

Ha goeie leave minsken,

Ik ha geweldige en seer leuke reacties kriigen op myn stikjes yn de havensbank. Dat docht my super goed. Fyn it altiid prachtig om te lesen en ik les it betiiden wol 3 kear.

It ofrune wykein hie ik Alex wer opfondele, dat we ha in pear dagen tegearre run. It wie wol sa allemachtig waarm die dagen! Net te liuwen! It kwik kaam boppe de 35 graden.
Eins binne je compleet gestoord as je dan mei 12 kilo op de bealch te rinnen gean. Mar it libben fan in pelgrim giet no ien kear net altiid oer tulpen dus rinne.
Och, och...wat wie dat wat. It swit gutste selfs ut de lytse tean. It wie eins unferantwoord. Op in gegeven moment sei alex: Amai, gij laat een afdruk op dat asfalt hè " ik seach achterom en ferdomt, it asfalt wie gewoon oan it smelten. We seachen dat us afdukken fan de skoun der yn stean bleun.
Wat wiene wy bliid dat we der wiene! Toen ik my noflik nestele hie op bed mei de fourtsjes omheech, seech ik op myn telefoon dat ik in berichtje hie fan Marjan. Marjan is myn fysiotherapeut dy't ik foar oanfang fan myn reis in pear kear bezocht hie. Se wennet tegearre mei minke yn it pittoreske wergea. Hja freeche my wer ik op it stuit wie en sei dat se ek in Frankrijk wiene. It die al gau blyken dat de ofstand te oerbruggen wie. Se soene my de folgende dei ophelje en dan koe ik der wol in nacht bliuwe. No prachtig!
Wat ha ik it der nei myn sin han. Wat in leave minsken! Ik ha werkelijk heerlijk iten en dronken.
Ik hie al die 4 wiken eins gjin alcohol han en de pude swiere shag waard ek mar minimaal brukt. Komt ek omdat myn mede pelgrims meestal fan die biologische geitewollen sokken types binne. Ik pas my dan mar oan en bestel ek in griene thee yn ste fan bier. Ha noch net ien troffen dy't smookte dus ik liet dat ek mar. Hie myself foarnommen omdat sa mar wat te halden. Fielde my der wol goed by.
Mar nei yn jun oplutsen te hawen mei wegeasters wie fan dat foarnimmen neat oerbleun.
Toen ik wekker waard die al gau blyken dat ik de juns gjin kracht mear fun hie om my fatsoenlijk ree te meitsjen foar bed. Ik hie namelijk alle klean noch oan. Ik koe sa fjirder rinne. Ik hie ek wat mear nocht yn drinken as oars.
De longen hiene it ek net maklik han want de pude shag wie aardig slonken.
Ik ha myn eigen efkes opknapt en koe dernei geniete fan in heerlijk ontbijt. Nei 4 wiken wie dat in ferademing. Hjir krye je allinich mar in stikje stokbole mei buter en jam. Der neist stiet dan in sopkop fol brune thee wer meastiids de miggen swemles yn krye.
Se ha my nei in heerlijke lunch by de welbekende Mac wer ofsetten.
Die 12 kilometer wiene best pittig mar ik wie in prachtige ervaring rijker dat it koe my neat skele. Wat ha wy it gesellich han! Tige tank
It pelgrimsritme sit der ek sa wer yn.
Ha echt sin yn moarn. Dan bin ik yn vezelay en sjoch der Ester, Femke en myn alders. Ken der net iens fan sliepe. Krek in bern dy't noch ien nachtje sliepe moat eert it sinterklaasjun is.
Tot sa fier disse kear! Au revoir

Nynke

Foto’s

30 Reacties

  1. Willy:
    2 september 2015
    Der wie se wer☺☺☺..hoi leave☺
    Mar wat wer een mooi stik frou en wat giet it goed!!!!
    Jo ha der mar sin oan les ik....ddas mar poerbest.
    Lit de miggen mar swimme fanke...lekker san potsje bier.
    En no op nei een pear sagen fry straks, nog efkes trochsette. Dan sjochst Esther en Femke en heit en mem. Kun my foarstelle dast der nocht oan hast.
    Succes en mar hope dast wer es wat Weagegeasters tsjin komst......alhoewol...☺☺☺
    Tut Willy
  2. Ester:
    2 september 2015
    Hè pop, tot moarn xxxx
  3. Hennie:
    2 september 2015
    Machtig! We leve oesa mei dy mei!
    Dikke tút!!
  4. Ineke:
    2 september 2015
    Veel plezier met je dierbaren de komende dagen!
  5. Tjitske Dijkstra:
    2 september 2015
    Hahaha, Nynke wat in moai verhaal! Dat jowt de burger wer moed! Ik bin der wis fan dasto dy fanôf Vezelay minder iensum fine silst! It komt goed...Neffens my hast it ritme en it lobben fan de pelgrim aardich te pakken! En ek de braafste monniken binne net sûnder zonden, dus de drank en swiere shag is dy no al ferjûn! Groeten, Tjitske
  6. Emiel:
    2 september 2015
    Moai ferhaal, it giet al wat better sjoch ik. It idee om it yn'e Havensbank is inderdaad goed west. Bin ik toch in bytsje dyn ghostwriter! Is soe sizze: trochsette en goed smarre!
  7. Greta:
    2 september 2015
    Hey die Nynke,
    Wat prachtig dat Jacoba en ik dyn ferhalen no ek folgje kinne.
    Wat in aventoer jong en petje of! Genietsje fan dyn tiid mei dyn famylje.
  8. Martsen:
    2 september 2015
    Moai ferhaal wer! En herkenbar dat je hast mei alle klean oan wer sa wekker wurde:) Wat leuk dat de familie moarn komt! Hearde it al fan mem, der wie ik fanmiddei ff. We tinke faak oan dy en ha it der ek faak even oer. Sa flink ast bist en stoer. Set him op en groeten moarn!
  9. Annelies:
    2 september 2015
    Wat moai Nynke! Prachtig dat dien oanwezigheid op it paad efter bliuwt mei dien skuonafdruk!
    Folle wille oankomende dagen! xxx
  10. Harmke Anema:
    2 september 2015
    Hoi Nynke mooi dat jij je stempel daar heb afgedrukt in het asfalt dat staat .! En fijn voor je dat het goed gaat en heel veel plezier met je dierbaren deze week. Zet hem op hè topper.!! Groetjes Harmke
  11. Annemarije:
    2 september 2015
    Hee Nynke!
    sûnt hjoed mei ik dy ek folgje en ik ha krekt dyn ferhalen oant no ta lêzen. Wat beskriuwst machtiche en prachtiche mominten! It sil net altyd meifalle om net precies te witten wêrst joens sliepe kinst, wat foar minsken ast moetsje silst en hoe it gean sil mei de poatsjes en de holle...
    Geniet fan dyn bysûndere reis! Meist ôfgryslik grutsk op dysels wêze!
    Groeten, Annemarije
  12. Nynnes:
    2 september 2015
    Joowww Nynnes! Prachtig ferhaal!! Geniet mar lekker fan dyn frou en de oaren!!
    Dikke tut fan Nynnes
  13. Sietie:
    2 september 2015
    Och, wat hearlik dast efkes by Minke en Marjan wiest! En aanst komt dyn famylje. Wat sil dat ek fyn wêze. Ik winskje jim in protte gesellichheid! Lekker oan de griene tee mei syn allen.
    Leuk mei de foto' s der ek by trouwens.
    Tink oan dy, leafs,
    Sietie
  14. W&W:
    2 september 2015
    Hoi Nynke,
    wat in prachtige ferhalen kinst do skriuwe, it is wol hiel wat oars as in kuier in de buurt fan Oranjewald.
    We fine it knap fan dy.
    Hele fijne dagen ta winske mei Hester, Femke, en hait en mem, genietsje der fan.
    Dernei kinst wer op folle kracht fjirder en rinst op feerkes.
    We moatte wol laitsje om al die religieuse moetingen fan dei.
    Mar hawar se hawwe, it goed mei de pylgers foar.
    Gean sa fjirder, groet, W&W.
  15. Jacoba:
    3 september 2015
    Hoi Nynke,
    Wat in ferskil mei de eerste ferslagen, bist gewoan in relaxte pelgrim wurden mei it beulichje fol selffertrouwen!
    Marianne wie vroeger myn tante en snap it fan it gesellige juntsje hielendal
    Lekker geniete en oplade by dyn famylje.
    X Jacoba
  16. Riska:
    3 september 2015
    Wat hast prachtige ferhalen Nynke en wat makkest in moai avontoer mei! Dat kin net ien dy ofnimme! Genietsje der fan, ek al sil it net altyd even makkelik weze! Wy genietsje yn ieder gefal fan dyn prachtige ferhalen!
    Leafs Riska
  17. Symon Odinga:
    3 september 2015
    Ha dy nynke
    Wat hast wer in moai ferhaal skreaun. En indied, do bist positiever en optimistysk. Dat is in hiel goed teken. Wat fijn das't dyn famylje sjen silst.
    Wy binne juster mei allegearre âld kollega's (huug, rienk, fetsje, dettie, eelke, symon, nynke en noch mear dy'st net kinst) op de fyts nei ljouwert west. It wie tige slagge!
    Picknick yn prinsetún, rûnfeart, stedskuijer, terras en werom nei grou en ite meiinoar. Soms pine búk fan it gnizen!
    Set him op hear en in hiele fijne tiid mei dyn famylje!
  18. Lutske:
    3 september 2015
    Hoi, Nynke ik hear fan Riemke allegear ferhalen wat hast al in soad belibbe net allegear like makkelik mar wat bist in kanjer. Fijn dat de famylje del komt mar lekker genietsje.
    Groetenis Lutske
  19. Hanneke:
    3 september 2015
    Lieve Nyne-pien!
    Wat ben je een doorzetter! Dikke knuffffff
  20. Jetty:
    3 september 2015
    He kanjer,
    De komst al aardich yn e flow sa te hearen.
    It is ek folle leuker as jo fysiotherapeute je in bierke jout yn ste fan in skippybal!!
    En no lekker geniete mei dyn parels!! Xxxx
  21. Riemke B:
    3 september 2015
    Hoi Nynk
    wat bist faak ien mien gedachten, en we ha it wol gauris oer dei. Do sist al aardig ient ritme, en it lieket mij sa ta, dast der steeds meer nocht ien krijst. Mar geniete fan dien dierbaren, en no krijst dernei fansels hielendal de gang der ien, machtig. Dikke tut
  22. Huug Molendijk:
    4 september 2015
    It ferhaal en reakzjes leze. Prachtich mooi! Wat sil de BigMac dy smakke ha. En moarn efkes lekker knuffele..! Hearlik! Dan kinst dr wer wiken tsjin. Do moast eins eltse moanne in knuffelsessie ha. Set m op De Groot!
  23. Jan:
    6 september 2015
    Hoi Nynke,
    Mei ús beiden de moskouwreed om en dan wat mei mekoar prate oer van olles en nog wat, meer eamelje sil ik maar sisse. en dan mei een liets oerke wer thús mei een lekke koppakking, stelde einlijks net een reet voor. djipe restepct fuor dei fanke, Dikke tút van mij en Hilda.
  24. Minke:
    8 september 2015
    Hé topper! Wat in wille! En liket my heerlik om wer efkes wergeaster te fielen mei bier shaq yn ste fan pelgrim! No wer fjirder mei frisse moed !

    De paden op, de lanen in, vooruit met flinke pas
    Met stralend oog en blijde zin.
    Een goed gevulde tas.
    De Zonnebank lacht ons vrolijk toe
    Ons groet der vooglenzang
    En wij worden vast niet moe
    Al wand'len w'uren lang
    Tra-ta-ta-bom , bom,Tra-ta-ta-bom
    Al wand'len w'uren lang.

    Kist moai sjonge tiidens dyn tocht!
    Leafs Minke
  25. Aukje Snoek Wester:
    8 september 2015
    Hoi Nynke. Wat in moaie ferhalen. Hiel fijn dat Esther, Femke en famylje op de route lâns komme, al sil it ôfskie ek wer moeilik wèze. Hâld de moed der yn. We wachtte hjir noch op wat moai waer. Dat komt grif want it wykein ha we de Grouster merke en dan ha we meestal moai waer. It ein fan eltse reis is it paed werom. Groetnis Aukje.
  26. Aukje Snoek Wester:
    8 september 2015
    Hoi Nynke. Wat in moaie ferhalen. Hiel fijn dat Esther, Femke en famylje op de route lâns komme, al sil it ôfskie ek wer moeilik wèze. Hâld de moed der yn. We wachtte hjir noch op wat moai waer. Dat komt grif want it wykein ha we de Grouster merke en dan ha we meestal moai waer. It ein fan eltse reis is it paed werom. Groetnis Aukje.
  27. Tjitske Dijkstra:
    9 september 2015
    Hahaha, Nynke wat in moai verhaal! Dat jowt de burger wer moed! Ik bin der wis fan dasto dy fanôf Vezelay minder iensum fine silst! It komt goed...Neffens my hast it ritme en it libben fan de pelgrim aardich te pakken! En ek de braafste monniken binne net sûnder zonden, dus de drank en swiere shag is dy no al ferjûn! Groeten, Tjitske
  28. Margreet:
    9 september 2015
    Hé die Nynke,

    Hjir alwer in fan...kaam Esther tsjin fannejûn en no kin ik dyn moaie ferhalen ek folgje. Prachtich stikje yn e Havensbank, gewoan jammer dat it út wie. Set him op frou, do kinst it en straks jouwst gewoan dyn eigen boek út, wedzje dat it in bestseller wurd! groetsjes fan Margreet
  29. Regina:
    12 september 2015
    Hoi Nynke! Eindelijk gelukt om jou te volgen. Mr hair kan ik helaas niet plakken..... ;) Zo moet je er bijna wel uitzien volgens afspraak haha ;p In ieder geval ga zo door! Je kan het!
  30. Anneke zeinstra:
    15 september 2015
    Hoi Nynke,
    Geweldich dizze tocht, moast wol ôfsjen mar dar hjert der by. Set him op en groetenis, Anneke