Bosk

19 augustus 2015 - Olloy Sur Viroin, België

Leave minsken,

Wer bedankt foar de leave reacties. Wurdt seer waardeert.
It foel noch net ta om sliepplak te fynen yn olloy. Ik stun foar in grutte herberg mar die wie ticht. Op de doar stun in telefoonnummer. Der hinne belle fanself mar kriig net ien te pakken. Hmm...begon hem al wat te knijpen. Toen mar wat troch it doarp sjouwt want ergens stun in boardsje dat in hotel beloofde. Ik kaam langs in frou dy't yn de tun dwaande wie. Ik freeche nei it hotel. Hja wie fourt beret om my te helpen. Ik mocht ek wol efkes yn de hus komme.
Ik kriig in gles drinken en hja belle it hotel. Regele sei se. Toen ik fourt gong woe se graag in tut ha. No dat mocht wol. De vruchtbare jirren leine al efkes achter har en in pincet wie net iets wat se dagelijks brukte, dat it stiekele al wat. Toen op nei it hotel. It wie in treasteleas ferfallen gebouw. De ferwaarde planken vochten om hun bestean.
Ik die de doar iepen en staarde nei binnen. Toen ik om my hinne seach, wie ik gau beret. Hjir soe ik net sliepe. Jasses, wat in naargeestig sfeerke hong hjir. Der ut....mei gang!
Toen ik 30 meter fourt wie hjearde ik in stem achter my roppen. Fest de eigenaar dy't my nei binnen raze woe. Ik die krek of hjearde ik it net en strompele troch.
Maar ja? Wat no?
De telefoon gong oer en ik herkende it nummer as die fan de herberg. De frou sei dat se der oer 10 minuten wie mei de sleutel. YES!
Dernei gong it mei de blieren wol better. Se wiene op hun retour. Ik mocht de oankommende dagen troch de ardennen rinne.
Wat in hel! De rein kaam mei bakken ut de hemel! Der wie net in meter vlak en it wie ien grutte drek bende.
Yn Rocroi ha ik in rustdei han. Wie ek wol nedich want ik hie alles lang net op tiid droeg han.
Ik woe wat kranten yn de skoun dwaan sadat se wat sneller droeg wiene. Mar ja...wer helle ik in krante wei?
Yn de romte wer we koffie en thee kriije koene fun ik der ien. Hy wie fan de deis Der foar dus dat koe wol.
Toen ik de moarns ontbijt kriig fan die beste minsken, seech ik it mantsje om raak iets siekje. Dat koe fanself fan alles wese....tot ik yn de gaten kriig dat hij om in krante socht. Ik die krek of ferstun ik der niks fan en kauwe mooi troch.
Mei droege skounen bin ik letter wer ofsetten.
Wer troch it bosk. It reinde al wer en yn tussentiid wie it ek net vlak wurden. Ik ferdwaalde steeds omdat ik nei de grun sjen Moast vanwege de grutte dobben die it paad yn beslag naam hiene.
De hele dei troch it bosk! Bin gjin mins tsjin kaam. As ik der ik dea del fallen wie, hiene de bisten my hjearder opfretten dan dat ien my identificere koe.
Doe't ik foar de safolste keer it ferkeerde paad naam hie, bruts der iets. Ik ha de rechsek fan my of slingere, der in pear kear best tsjin oan skopt. It route boekje kriige fanself ek syn gerak en belande yn de drek. Ik ha it bosk ferflokt, it lan ferflokt en myself. Koe toch raze wat ik woe, gjin mins dy't it hjeart
Nei 10 min toch it spul wer bijelkoar skarrelle en fjirder. Mar ik wie der ut! Nei hus! Die 4 maander gong ik noch leaver demente bejaarden waskje dan noch ien dei yn dit smoarche, deade rot lan te wesen.
Fol fjoer kaam ik op mijn adres. De familie Roelvink ut nederlan.
Wat in aardige minsken! Geweldig! Ik ha der in pracht jun han mei ferskeidene bierkes. Myn foarnimmen om nei hus te gean ferdwun as snie foar de sinne.
De Folgende dei in prachtige dei han. Net te waarm, it wie vlak en??? GJIN BOSK!.
Ik lis no yn in hokje fan 5 bij 4 mei noch trije minsken. Ha bij carrefour wat sla en tonijn helle en sil dat no opsmikkelje. ....oant in oare kear.

30 Reacties

  1. Jacoba:
    19 augustus 2015
    Wat mooi dast troch sest!! Fyn it moai om te lezen.
  2. Ester:
    19 augustus 2015
    Hè wat wer in mooi skreun ferhaal! Dat kist dochs wol!! Bist in bikkel, mar dat wist ik ek wol. Xx
  3. Emiel:
    19 augustus 2015
    Wer in prachtig ferhaal, aanst mar bundelje en dan mei de krôde by de doarren lâns!
  4. Huug Molendijk:
    19 augustus 2015
    Ha Nynke, het was weer een waar genoegen om je verslag te lezen. Je hebt een leuke manier van schrijven met , voor ons volgers, veel humor! Zoals jij je verblijf in het bos beschrijft, maakt het voor ons mogelijk om ons enigszins in jouw gemoedstoestanden te verplaatsen.In zo'n groot eng, verregend bos, brrr ik moet er niet aan denken. Maar gelukkig op het juiste moment was je op de juiste plaats en trof je leuke mensen met een paar koele biertjes in de koelkast! heerlijk!
    Veel sterkte , maar vooral veel plezier( als t effe kan..) op de volgende trajecten en hou ons op de hoogte van je wel en wee!

    Huug

    P.S. Alweer winst( heel gelukkig) voor Feijenoord.
    Volgende week krijg ik m'n eerst AOW. Hiep hoi!
    Verder alles rustig in Grou, het wordt alweer wat rustiger in de havens.
  5. Attje Buijs:
    19 augustus 2015
    Noch efkes trochsette buuf!
  6. Annelies:
    19 augustus 2015
    Wat hast alwer wat meimakke! En wat silst nog in soad belibje!!!! Grutsk op dei XXXX
  7. Nynnes:
    19 augustus 2015
    Wat in moaie ferhalen! Set him op Nynnes!
  8. Renate:
    19 augustus 2015
    Hoge pieken en diepe dalen, zonder dalen geen pieken en na regen komt (gelukkig) altijd zonneschijn...zet hem op, je kunt het!
  9. Martsen:
    19 augustus 2015
    Flink hjer! En hast t wer moai ferwurde ik sjoch t dy daadwerkelijk allegear dwan. Allinich al foar us om de ferhalen te lesen kinst al troch sette haha. No set m op!
  10. Koos:
    19 augustus 2015
    Mooi verhaal Nynke, succes met het vervolg van de reis !
  11. Fokje pijl:
    19 augustus 2015
    Hoi Nynke, wat heb ik een respect voor je! Elke week lees ik met plezier jou verhalen. Ik ben het helemaal eens met Emiel,Straks maar een boek uit brengen met al jou belevenissen. Lieve Nynke veel succes verder en pas goed op jezelf!! Leafs Fokje. X
  12. Hennie:
    19 augustus 2015
    Oooooooh......ik bin al depri as ik hjir it kanaal omrin...
    Skamje my djip
  13. Sylvia:
    20 augustus 2015
    Leave Nynke,
    Wat mast do òf sjen in de Bush bush......
    Mar dit kest do de Groot.
    Do bist hartstikke sterk.
    Zet 'm op ! Dikke tùt Sylvia Xxx
  14. Liz:
    20 augustus 2015
    Hoi Nynke, Wat heb je weer een mooi verhaal geschreven. Ik zag het al voor me in het bos. Ha ha ha! Succes met het vervolg van je reis en wij kijken uit naar weer een verhaal. Liz XX
  15. Jetty:
    20 augustus 2015
    Tegearre yn san bosk rinne is al neat, lit stean der allinich yn om te wâdzjen. Allegearre wylde baarchen mei jongen fansels of wie dat doe net wier?
    Bist in bikkel faam!!
    Dikke tut en krûp Jet.
  16. Petra:
    20 augustus 2015
    Wat ben je ook een kanjer, een doorzetter en een verhalenschrijfster. Wat zul je je klote gevoeld hebben, maar toch doorgaan, wow!
    Blijf zo doorgaan, ook met je prachtige geschreven verhalen. Wij leven letterlijk met je mee,
    tút Pe
  17. Annemiek:
    20 augustus 2015
    Prachtig Nynke en ik begin bijna van het Fries te genieten, straks maar solliciteren bij een Fries dagblad om collums te schrijven!
    Mooi om te lezen hoe je je voelt, maar dit was wel een pittige start, nu is het wel even tijd dat het allemaal iets meer mee zit! En bejaarden wassen is het ook niet voor jou
  18. Roelof:
    20 augustus 2015
    Hallo Nynke,
    Je kent mij niet maar ik hoor veel van Esther ( ben haar nieuwe collega). Heb vanmorgen even de stukjes gelezen die je hebt geschreven. Wat een avontuur beleef je. Prachtig hoe je het omschrijft. Ik doe een reactie omdat ik bewondering heb voor wat je doet. Succes met de komende kilometers en hoop dat die je goed afgaan. Wacht je volgende verhaal weer af. Succes!!!!
  19. Tialde:
    20 augustus 2015
    Hey Nynke,
    Ik heb er respect voor dat je dit avontuur in je eentje aangaat! En dan alleen door zo'n bos door de regen...Brrr. Gelukkig dat je dan op het juiste moment de juiste familie weer tegenkomt en toch weer doorzet! Zet m op!
  20. Femke:
    20 augustus 2015
    Geweldig mem! Bin grutsk . Set 'm op!
  21. Sietie:
    20 augustus 2015
    Brr alinne yn de rimboe...mar der is eltse keer ek wer in ljochtpuntsje. No die famylje, werst efkes lekker in bierke drinke koest. En de blieren wurde ek al better! Do bist in bikkel Nynke. Mar moai trochgean.
    Ik tink oan dy.
    Leafs, Sietie
  22. Hanneke:
    21 augustus 2015
    Lieve Nyn,
    Wat een schrijfster ben je! Erg leuk hoe je alles beschrijft!Ik denk regelmatig aan je...Wat maak je wat mee..Echt grensverleggend.Dikke tùt!
  23. Jan:
    21 augustus 2015
    Prachtig ferhaal , sjoch ut al hielendal foar my , hoe ut gong yn ut bosk , maar knap dast troch setten hast! Ik tink oan dy , dikke tut , leafs Hilda
  24. Willy:
    21 augustus 2015
    Heee leave
    Wat fyn ik it knap fan dy dast dit dochst. Ik hjer dy skellen as ik dit sa les...moest wol even leitsje hjer☺
    En toch troch gean...wow
    Set em op frou want wist no dast folle meer kenst dan dast tocht hiest.
    Sjoch no al ut nei dyn folgende ferslag.
    Tùt Willy
  25. Anky:
    21 augustus 2015
    Hé flinter,
    Moai ferhaal! De ardennen binne prachtig, mar om no allinnich yn it reinwetter der de hiele dei troch hinne te trêdzjen sûnder in minske te moetsjen! Dan moast al in bikkel wêze en dat bisto. En wat fijn asto dan noflike minsken moetest, die ek noch yn binne foar in gesellige sit mei in kâld bierke. Super!!Want ja, do fleanst no fansels noch net nei hûs. De kop net hingje litte. Do kinst it! Tiidens ús stúdzje seine we wol ris tsjin elkoar "Troch sette, gjin gebliksem!" We tinke oan dy en winskje dy in behâlden feart. Dikke tut fan ús.
  26. Symon Odinga:
    23 augustus 2015
    Wat wer in moai earlik ferhaal. De earste 'meagere' tiid hast no hân, no komme de fette jierren, de bettere tiden, let mar op.
    Set him op hear!
  27. Anneke:
    23 augustus 2015
    Hey nichtsje,
    Wat genietsje ik fan dyn ferhalen. Is sear fermakkelik hjir neist Geauke syn bed. Fyn dei in topper soks liket fan te foaren altiid makkeliker as it is. Moai sa troch gean en die ferhalen sa mar halde. Ha ik in goeie reden extra om te laitsjen.
    Gr Anneke
  28. Tjitske Dijkstra:
    24 augustus 2015
    Wat wer in prachtich ferhaal! Set 'm op, Nynke! ;-)
  29. Hettie:
    26 augustus 2015
    Hoi Nynke, alle dagen komst wat tichter by it einpunt!
    Fijn, dast nei in dip (ke) wer noflike minsken tsjin komst dy't
    dy wer moed jouwe om troch te setten.
    Gr. Hettie en Piet
  30. Riemke B:
    27 augustus 2015
    Hoi Nynke
    Bejaarden verzorgster lieket mij net goed ta, do ferjist sa ien, en die sit dan in hele dei op thûske, ik ha wol iene gaten dast gjin bosk minske bist, mar evensa goed hast de kop der wer foor, en komst wer leave minsken tsjin.
    hey frou do dochst it geweldig , respect jer xxxxxxx