België

14 augustus 2015 - Scherpenheuvel-Zichem, België

Hoi allegjear,
Wat in leuke reacties. Fyn om te lesen. Hoop dat Jim dat trochsette want it docht my goed!
Bin in pear dagen mei alex ( 61, journalist, Belg ) oprun. Hij rint itselfde paad nei santiago. We hiene sliepplak fun yn tienen. Amai. ....wat in bende! Doe't de doar iepen gong, kaam der in lucht wei! De merke tinte op moandei wie der niks bij. It rook nei kattestront. It jonkje dat iepen die wie hiel aardig, al koest troch alle piercingen de eagen net rjocht sjen. We waarden mei naam yn in keamerke en moesten wachtsje. Ik hie de noas ticht omdat ik bang wie dat ik oars kokhalsje moest fan de stank. Ek alex hie it dreech. Ik run om de tafel hinne om in skilderij wat better te besjen. Hie ik better net dwaan kennen want myn iene skoech stun midden yn de kattestront!
It jonkje kaam wer en freeche of we moarn ek ontbijt ha woene. Ik freeche yn hokker keamer dat serveert waard. No gewoane yn disse dei hij.
Doe ha we mar sein dat it net hoefde.
Hij liet us de wc sjen. Och, leave God! Dy wie noch smoarche dan it huske fan de nachttrein yn thailan!
De douche wie net better. Alex woe net douche mar ik bin der al under stapt. Ach, dat weter hie noch gjin ien mei de hannen oan sitten.
It koste niks dus net zeure.
Doe noch in dei mei alex run. Dernei wer allinich.
Ha yn de abdij sljipt fan leffe. Sa as de namme docht vermoeden sille se der fest wol in lekker bierke ha. Mis!
Jammer.
Ik koe der sliepe yn in apart gebouw. Dat wie hiel grut en ald mei allegjear keamers. Yn ien der fan stun allegjear beden. Douche wie der net. Wasbak wol.
De pater frege my as ik ek nei de tsjinst gong fan 18.00. Ik sei dat dat gjin nut hie want ik ferstun toch gjin Frans. Makke neat sei de man. De taal fan God is leafde. Jawis!
Dus hinne...
De nacht wie ik wat angstig. Der lei ik hielendal allinich. ..fun it mar neat. Om 3.30 skrok ik wekker. Ik wie der wis fan dat der ien wie. Ik siet rjocht op yn bed en hie myn busmes ut de tas helle. Wie der klear foar.
De hertslag soesde my yn de earen. Nei 10 min wie ik der wol wis fan dat it mar hersenspinsels wiene.
Hjoed soe ik mar 8 km rinne ivm de blieren. Helaas wer ik tocht dat ik sliepe koe gong net troch. Wat in teleurstelling.
Myn skonken doche sa seer! Tot overmaat van ramp ek noch verdwaald! Bin helemaal utput yn de berm sitten gong. De heimwee, de pyne....et waard my wat tefolle en de trienen glieden my oer de wangen. It seech der fest nuver ut want in kreas madammeke stoppen en hat my in lift joen nei it volgende plak. Der bin ik no. Ha noch gjin sliepplak. Ofwachtsje.
Jim hjeare letter wer....

32 Reacties

  1. Emiel:
    14 augustus 2015
    Och leave, wat wer in ferhaal! Kinst aanst moai alle ôfdielingen fan'e plattelânsfroulju ôfrinne mei dyn prachtige ferhalen!

    Trochsette, Nynke! It komt allegearre goed!
  2. Hennie:
    14 augustus 2015
    Och leave...wat in aventoer! In mins komt ek op plakken....
    No kin elts sliepplak allinich mar tafalle.
    Wy tinke in soart oan dy hjirre en hâlde yne pauze in stoel foar dy frij
  3. Ester:
    14 augustus 2015
    Hè po, wat wer in ferhaal! Ik ha de treanen yne eagen! Bin sa grutsk, wol troch sette hjer! Hâld fan dy......... Dikke tùt
  4. Martsen:
    14 augustus 2015
    Wat bist flink nynk! Sjoch it hielendal foar my, begruttet my ek, mar hjir komst fansels beresterk ut! Set m op, ik wit wy ha makkelijk praten mar komt goed. Dikke tut
  5. Reiny:
    14 augustus 2015
    Lieve Nynke,
    Wat een belevenissen! Ik kan me voorstellen dat je jezelf soms behoorlijk tegenkomt, of je wilt of niet.
    Maar volgens mij is het ook zo dat je niks anders kan doen dan trots op jezelf zijn! You go girl! X
  6. Hanneke:
    14 augustus 2015
    Hé lieve Nyne-Pien.....
    Doorgaan hè! Je kunt het! Haal alle kracht en doorzettingsvermogen uit jezelf.Hele dikke tút en knuffffff.
    Hanneke
  7. Maartje Bloemhof:
    14 augustus 2015
    Hey Nynke,
    Wat een avonturen, wat een belevenissen.
    Het is wel heftig zo te lezen.
    Zet m op. Doorzetten, want trots kun je zijn
  8. Willy:
    14 augustus 2015
    Heee frou,

    wat makket een minsk wat my he:) En wat dochst it goed...
    Set em op hjer, ik sjoch no al ut nei dyn volgende verslag.
    Ik wit seker dast de einstreep hellest, do komst er wol.
    Dikke tut Willy
  9. Sietie:
    14 augustus 2015
    Amai, Nynke, wat ist wat. Dast yn de berm sitst te gûlen...ik woe dy wol in krûpke jaan. Mar do kinst it fanke! Alle begjin is moeilik, it wurd aanst fest better. Geniet fan alles om dy hinne en lit de kattestront mar links lizze.
    Tink oan dy, leafs,
    Sietie
  10. Ineke:
    14 augustus 2015
    Ik vind je verhalen prachtig Nynke, en nooit opgeven, en een keer de ellende eruit huilen hindert ook niet, en die blaren gaan ook wel weer over! Groetnis fan Ineke.
  11. Diva:
    14 augustus 2015
    Amai amai amai..
    Tsjongejongejonge..

    Een pater die dij nei tsjerke stjoert.. kultuur opdwaan mei kattestront om e poaten..It bed yn mei een mes under it kessen.. (wit wol dat die yn de tas siet, mar foar it verhaal stjit dit leuker..) Mar it ergste foen ik om te lesen.. it aller ergste wie.. dast net yns even een kald gleske bier krije koedest! Dat lyket toch nergens op of wol! Sjoch.. ot je no net stroom ensa ha, dat is nog tot der oan ta, mar gjin kalde kletser nei san dei, is wol hiel triest. Of net!

    Hoe dan ek frou! GRUTSK!!!!
    En.. do bist sterker dan ost tochtest he!;-)
    Dikke tut fan it keardok!
    xxx
  12. Harmke Anema:
    14 augustus 2015
    He topper, wat kist ut ook mooi vertelle ik zit helemaal in dien verhaal ik zou al op de fiets stappen om dy uit de berm te halen en dan ook nog geen bierke te koop en
    afwachten waar je kan slapen net best maar ik bin trots op dy en weet zeker dat ze die niet op straat laten staan. Zet hem op Nynke. Xxx
  13. Annemiek:
    14 augustus 2015
    Lieve Nynke,
    Wat een spanning en onvoorspelbaarheid, moet je zien wat je allemaal al hebt overwonnen! Wees trots op jezelf en hoop dat er ook al momenten van genot zijn!
    Dikke zoen
  14. Huug Molendijk:
    14 augustus 2015
    Wat makkest do wat mei!Allemachtich! It Sil aansens wol better wurde, in els gefal dat hoop ik ! Mar as it sa trochgiet dan helje wy dy op! Myn bewondering foar dy wordt allinich mar grutter.
    De leuke, aardige minsken komme no op dyn paad en ek de betere sliepplakken.Ek foar dy moai om te witten dat Feyenoord Botteghin onlutsen hat. En neffens de kenners hat Feyenoord no de beste seleksje fan Nederlan. Dat sil dyn Feyenoord hart goed dwaan.En troost dy ek mei de gedachte dat de skoalle moandei ek wer begint! De Groot in protte sterkte en wy libje mei dy mei!
  15. Marten:
    15 augustus 2015
    Hoi nynke,
    Moaie ferhalen skriuwst! Do belibbest hiel wat gekke dingen, mar hoe gekker de avontoeren, des te mear sist dy letter herinnerje kinne! Sukses mei de blieren...altyd ferfelend:(
  16. Annelies:
    15 augustus 2015
    He Nynke, do kinst it allegear mar moai ferwurdje!
    Kinst aant wol in boek utbringe, ik keapje him ien elst gefal!

    Ik sjoch no alwer ut nei dien folgende skriuwen, hoap dast die akelige blieren dan kwiet bist!

    Dikke tut
  17. Anky:
    15 augustus 2015
    Hé flinter,
    Ik ha fannewike in pear kear oan dy tocht. En hoopte dat it dy foar de wyn gie. Dochs om dit te lêzen is wol spannend en heftich. Mei seare fuotten, in goar sliepplak en gjin kâld bierke wurdt is wol dreech. Mar wisto, de tsjinwyn kin allinnich mar mear foar de wyn wurde. En op dyn karakter komsto in hiel ein. Moai troch fladderje, ek al is dit soms mei heale wjukken. De kop omheech en pas goed op dy sels. Wy tinke oan dy.
    Dikke tut fan ús.
  18. Maaike:
    15 augustus 2015
    Dikke tút en krûp!!
  19. Maike:
    15 augustus 2015
    Jeetje Nynke wat een verhaal en belevenissen. Do kist ut!
    Zet um op!
  20. Mieke:
    15 augustus 2015
    Hoi Nynke, wat maak je wat mee zeg, allemachtig, volhouden hoor het komt allemaal wel goed, groetjes van ons
  21. Marjolijn:
    15 augustus 2015
    Hoi lieverd.
    Wat een verhaal. Ik leef met je mee. Pfff. Wat naar van je blaren en dan het bier. Het moet niet gekker worden! !!! Bel maar dan haal ik je op. Het is hier merke. Bier genoeg. Volhouden het komt vast goed Dikke kus
  22. Johanna:
    15 augustus 2015
    oei oei. pijnlijk verhaaltje deze keer. toch weet ik dat er ook weer betere komen. we hebben er alle vertrouwen in!
    na regen komt zonneschijn zeggen ze. hou je taai.
    tut fan us.
  23. Jaap en Fien:
    15 augustus 2015
    Hee Lieve Nienke,
    Wat een verhaal en belevenissen, het is geweldig wat je doet en leven met je mee en volgen je.
    Van ons allebei Volhouden Xx
  24. W&W:
    15 augustus 2015
    Hoi Nynke,
    No nei al dat trainen toch nog sere fuotten dat is wol in tsjinfaller. Mar ja it is ek net niks alle dagen wer fjider te gean. Hopelijk giet it gau wer better, dan bin je it ek sa wer fergetten. Mooi om op dizze wize mei dy mei te reizgjen.
    Hald moed it giet straks fest wer better.
    Groet, W&W
  25. Tjitske Dijkstra:
    16 augustus 2015
    Och leave, dyn verhaal begong sa fleurich en fol humor sels as der midden yn stiest (kattestront) en ik bin der wis fan dasto, as t sokke wurden skriuwe kinst wylst der sa trochhinne sist it dy net ûntbrekt oan relativeringsvermogen! Set m op frou! Do bist myn foarbyld!
  26. Emiel/Bertina:
    16 augustus 2015
    Hey leave en topper,
    Al in pear x mei dyn frou bypraat.
    Juster hie ik mieretietsjes op e earmen....,
    Der komme aanst mominten dast genietsje kinst frou, we binne no al trots op dy!
    dikke tút fân Emiel, Famke, Nienke en Bertina
  27. Willy:
    16 augustus 2015
    Wat hast it prachtig skreun. De Java fjilden op amelan bin der neat by. Hè faam set him op mei dyn bysonder avontoer do kist it. Dikke tut.
  28. Symon Odinga:
    16 augustus 2015
    Wat wer in moai ferhaal. Wat belibbest do wat.
    En jo komme jesels altyd tsjin. Learst dysels wol kinnen op
    sa'n manier..hiel bysûnder.
    Oars hienen wy moarn beide 'gewoan' nei skoalle gongen.
    en no bin ik gewoan thús en do op reis.
    Set him op mar do bist sa'n trochsetter dus do rêdst it wol!
  29. Sjoerdtje:
    17 augustus 2015
    Hé die Nynke. Moai ferhaal mar it is allegeare te oerkommen. En ek de skonken lûke wol wêr by. Wat ik sa moai fyn binne de ûnferwachte moetings mei minske die't dyn paad kruse. En der komme noch folle mear. Sjoch út nei dyn folgende ferhael.
    Krûper fan Sjoerdtje en tút fan Tom.
  30. Jacoba:
    17 augustus 2015
    Bist noch mar krekt fuort en no al dizze mooie ontmoetingen hân. Ontbering sil der wol by heare mar dysels oerwinne is de moaiste beloning!
  31. Riemke B:
    17 augustus 2015
    Leave,stoere,trochsetterige. Geweldige. Nynke. It begruttet us ta teanen ut. Mar wat hast de kop der bij. Dikke tut fan R en H
  32. Jetty:
    18 augustus 2015
    He topper,
    ''It is de tsjinwyn dy't de fleander stigen docht''.
    Leafs en dikke tut Jet.